It Merk



It Merk (yn it Sweedsk Märket), is in lyts ûnbewenne eilân (0,033 km²) yn 'e Eastsee, tusken Sweden en de Ålâneilannen. It eilân heart ta de lannen Sweden en Ålân, dêr't it lêste in (autonoom) part fan Finlân fan is. It westlikste part fan Alân, en dêrmei fan gâns Finlân, is op It Merk.
Sa'n kilometer fierder nei it noardwesten leit it lytsere Merkstienen (Märketshällor), wat lykwols gâns yn Sweedsk gebiet leit.
Grins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike lânsgrins dy't oer it eilân lei, waard yn 1809 fêstlein by de Frede fan Fredrikshamn. Yn 1985 is de grins lykwols oanpast: Finlân hie, yn de tiid dat it ûnder Russysk gesach foel, in fjoertoer op it eilân boud. It die lykwols bliken dat dy op Sweedsk gebiet stie. Dêrom is de grins sa feroare dat krekt dat part no wier Finsk is, mar as kompensaajse is in like grut part fan it earder Finske gebiet by Sweden kaam. It doel wie de feroaring sa te dwaan, dat dy gjin ynfloed hie op hoe grut de twa parten wienen, en ek dat by de wetterkante de grins net oars wie, om't dat de fiskerijrjochten fan de beide lannen feroarje soen. It risseltaat is in grins yn in nuvere Z-foarm.
It Sweedske part fan it eilân leit oan de súdkant yn Stockholms län, en oan de noardkant yn Uppsala län. De grins tusken disse twa is net feroare omwegen fan de grinskorreksje, mei it risseltaat dat Uppsala län dêrtroch krekt wat grutter is as wat it sûnder de korreksje wêze soe.