Springe nei ynhâld

It Keninklik Peinjekabinet

Ut Wikipedy
It pân fan it eardere museum yn Leien

It Keninklik Peinjekabinet wie fan 1816 oant 2004 in ryksmuseum dat siet op it Rapenburg 26 yn Leien, Súd-Hollân. Sûnt 2004 is it museum, mei It Nederlânsk Muntmuseum en de numismatyske ôfdiling fan De Nederlânske Bank opgien yn in nij museum: it Jildmuseum.

De kolleksje fan it museum bestie ûnder mear út munten út tesonken skippen, bysûndere bankbiljetten, gouden peinjes, Afrikaanske jild-earmbannen en âlde muntwaachskealjes.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]