Echte makrielhaaien
| echte makrielhaaien | ||
| In langfinmakrielhaai (Isurus paucus). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
| klasse: | kreakbienfisken (Chondrichthyes) | |
| ûnderklasse: | haaien en roggen (Elasmobranchii) | |
| tuskenklasse: | echte haaien en roggen (Euselachii) | |
| difyzje: | moderne haaien en roggen (Neoselachii) | |
| ûnderdifyzje: | haaien (Selachii) | |
| boppeskift: | helmhaaien (Galeomorphi) | |
| skift: | makrielhaaien (Lamniformes) | |
| famylje: | hjerringhaaien (Lamnidae) | |
| skaai: | echte makrielhaaien (Isurus) | |
| Rafinesque, 1810 | ||
De echte makrielhaaien (wittenskiplike namme: Isurus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii of Selachimorpha), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) en de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae). Dit skaai wurdt ek wol oantsjut as de makohaaien, nei de Ingelske namme mako sharks, fan mako. Dat is it wurd foar "haai" yn it Maoary, de taal fan 'e lânseigen befolking fan Nij-Seelân. Der binne twa libbene soarten echte makrielhaaien, dy't foar it meastepart yn 'e iepen see libje.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e echte makrielhaaien waard yn 1810 yntrodusearre troch de Frânske biolooch Constantine Samuel Rafinesque. De wittenskiplike namme Isurus, dy't hy oan it skaai joech, is Latyn foar "gelikense sturt".
Untwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't fossilen fan tosken fan echte makrielhaaien fûn binne dy't út it lette Kryt (±70 miljoen jier lyn) datearje soene, binne dy nei alle gedachten eins fan in haaieskaai mei in gelikens gebit, de Krytspitssnúthaaien (Cretoxyrhina). Foarhinne waarden beide skaaien op basis fan gelikenis fan 'e tosken ta itselde, no ferâldere skaai Oxyrhina rekkene. Moderne ferwizings nei echte makrielhaaien út it Kryt komme mar kwealk mear foar. De ierste eigentlike echte-makrielhaaiesoarte liket de Desorihaai (Isurus desori) west te hawwen, dy't him ûntjoech yn it Oligoseen (34–23 miljoen jier lyn).
Der hat mank saakkundigen gâns diskusje en spekulaasje west oer de evolúsjonêre oarsprong fan 'e echte makrielhaaien en harren relaasjes mei har nauste sibben, wêrûnder de wite haai (Carcharodon carcharias). Analyzes fan 'e molekulêre klok pleatse de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e echte makrielhaaien en de minskehaaien (Carcharodon), dêr't de wite haai ta heart, tusken 60 en 43 miljoen jier lyn, yn it lette Paleoseen of it iere Eoseen.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libbene soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Fossile soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferline binne in protte fossile soarten hjerringhaaien yn it skaai fan 'e echte makrielhaaien pleatst, dêr't se letter wer út ferwidere binne om eigen skaaien te krijen. Dat is sa gien mei û.o. de breedtoskmakrielhaaien (Cosmopolitodus), de gruttoskwoartelhaaien (Macrorhizodus) en de makrielhjerringhaaien (Isurolamna). Fossile soarten dy't tsjintwurdich noch ta de echte makrielhaaien rekkne wurde, binne:
- Desorihaai (Isurus desori) †
- Flaamske makrielhaai (Isurus flandricus) †
- foarrinnermakrielhaai (Isurus praecursor) †
- lytse makrielhaai (Isurus minutus) †
- Nakaminatomakrielhaai (Isurus nakaminatoensis) †
- rameshmakrielhaai of Ramesh' makrielhaai (Isurus rameshi) †
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
