Brúnkopdwerchiisfûgel
| Brúnkopdwerchiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ispidina lecontei | ||||||||||||
| Cassin, 1856 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De brúnkopdwerchiisfûgel (Ispidina lecontei, synonym: Ceyx lecontei) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai Afrikaanske dwerchiisfûgels út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in lyts iisfûgeltsje mei in oranje snaffel, in kanielkleurich kopke, in wyt streekje yn 'e nekke, in wite kiel en in oranje ûnderkant, in swarteftich gesicht mei in oranje plakje by de snaffel, donkerblauwe wjukken en in donkerblauwe sturt. By genôch ljocht is by it ear in pears plak mei in wite râne te sjen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt fan Sierra Leöane oant it noarden Kongo-Kinsjasa, it westen fan Uganda en it noarden fan Angoala. Der binne twa ûndersoarten bekend:
- Ispidina lecontei ruficeps – fan Sierra Leöane oant Gana.
- Ispidina lecontei lecontei – fan súdlik Nigearia oant Súdwest-Sûdan, Uganda en sintraal de Demokratyske Republyk Kongo; ek yn Sintraal-Angoala.
It fûgeltsje is benammen yn 'e ûndergroei fan bosk en strewellen te sjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen stadichoan ôfnimme. De IUCN beskôget de soarte as net bedrige (LC, 2024).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is in earbetoan oan 'e Amerikaanske soölooch en botanikus John Eatton LeConte (1784-1860).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Afrikaanske dwerchiisfûgel
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Uganda
