Ismee Tames
Ismee Maria Tames (Alkmaar, 27 july 1976) [1] is as senior ûndersiker ferbûn oan it NIOD en bysûnder heechlearaar skiednis en betsjutting fan ferset tsjin ûnderdrukking en ferfolging oan de Universiteit Utert.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tames slagge oan it Drachtster Lyseum mei in gymnasiumdiploma yn 1994. Dêrnei studearre hja skiednis en politikology oan de Universiteit fan Amsterdam en promovearre dêr yn 2006 op Oorlog voor onze gedachten oer it publike debat oer oarloch yn de Earste Wrâldoarloch yn it neutraal bleaun Nederlân. (Earder hie se al ûndersyksopdrachten útfierd foar partikuliere organisaasjes oer ûnder oare segregaasje yn de regio Haaglanden, mobiliteit, leefberens yn grutte stêden, ûnderwiis, thússoarch en muzykbelied yn Utert, meastal útfierd fia NYFER, Nyenrode Forum for Economic Research). Fan 2003 ôf publisearre sy oer de Earste Wrâldoarloch yn Nederlân wat útmûne yn har proefskrift. Dêrnei publisearre se faker oer de Twadde Wrâldoarloch en trede yn tsjinst fan it NIOD. By dy lêste ynstelling is sy ferbûn as programmalieder en senior ûndersiker. Se bestudearre ûnder oare de gefolgen fan kollaboraasje.
Mei yngong fan 1 july 2015 is prof. dr. I.M. Tames beneamd ta bysûnder heechlearaar skiednis en betsjutting fan ferset tsjin ûnderdrukking en ferfolging oan de Universiteit Utert, in learstoel ynsteld troch de Stichting 1940-1945. Har ynaugurele rede hold hja op 17 maaie 2016 ûnder de titel Over grenzen dêr't hja it antropologyske begryp liminaliteit yn tapast op ferset.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Thuis zonder zorg? Trends en ontwikkelingen in de thuiszorg voor ouderen. Breukelen, 2002.
- Oorlog voor onze gedachten. Oorlog, neutraliteit en identiteit in het Nederlandse publieke debat, 1914-1918. Hilversum, 2006 (proefskrift).
- Besmette jeugd. De kinderen van NSB'ers na de oorlog. Amsterdam, 2009.
- Doorn in het vlees. Foute Nederlanders in de jaren vijftig en zestig. Amsterdam, 2013.
- Over grenzen. Liminaliteit en de ervaring van verzet. Diemen, 2016 (ynaugurele rede).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |