Isidoarus fan Madrid
Isidoarus fan Madrid | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 1070 (?) | |
berteplak | Madrid | |
stjerdatum | 15 maaie 1130 (yn 'e âldens fan 59 jier) of 1172 (yn é âldens fan 90 jier) | |
etnisiteit | Spaansk | |
wurkpaad | ||
berop | Boerefeint | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | 2 maaie 1619 troch Paulus V | |
hillich ferkl. | 12 maart 1622 troch Gregoarius XV | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 15 maaie | |
hillichdom | San Isidro el Real, Madrid | |
attributen | As boer, hoed, nôtskeaf, skeppe | |
patroan fan | Boeren |
Isidoarus fan Madrid (berne yn ± 1070 yn de omkriten fan Madrid, dêr ferstoarn op 15 maaie 1130), ek Isidoar of Isidoarus de Lânbouwer,[1] is in hillige yn de Roomsk-Katolike Tsjerke. Paus Gregoarius XV ferklearre Isidoarus yn 1622 hillich. Sint-Isidoarus is beskermhillige fan de boeren en de dei dat Isidoarus betocht wurdt is 15 maaie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Isidoarus waard om it jier 1070 yn Madrid berne as soan fan earme en tige fromme âlden. Hy waard doopt en ferneamd nei harren patroanhillige, Isidoarus fan Sevilla. Isidoarus wurke as boerearbeider foar de rike heareboer Juan de Vargas yn 'e omkriten fan Madrid. Wat er hie, dielde Isidoarus mei de earmen. Hy boaske mei Maria Torribia (ek: María de la Cabeza), dy't ek as hillige fereare wurdt. Tegearre hiene hja ien soan dy't de namme Illán krige, dy't al betiid stoar en ek as hillige fereare wurdt. Isidoarus ferstoar op 15 maaie 1130 yn syn berteplak tichteby Madrid, alhoewol't de iennige offisjele boarne it jier 1172 fan syn dea neamd. Nei syn ferstjerren waard Isidoarus by de San Andrés-tsjerke fan Madrid begroeven. Doe't op 2 april 1212 nei swiere stjalprein op it hôf de grêven bleat lei, fûnen minsken it lichem fan Isidoarus dat net fergien wie.[2]
Al by't libben waard er troch it folk as in hillige fereare, mar it soe noch iuwen duorje foar't er hillich ferklearre waard. Yn it jier 1622 rekke kening Filips III troch in tige slimme sykte fan 'e baan. De reliken fan Isidoarus waarden nei de sliepkeamer fan de kening brocht, dy't opslach wer better waard. Filips III frege de paus fuortendaliks om Isidoarus hillich te ferklearjen, dat yn 1622 tegearre mei oare grutte hilligen syn beslach krige.
Wûnderferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under wurktiid makke Isidoarus tiid frij om te bidden en dat brocht oergeunst by oare feinten. Hja klagen by de heareboer en doe't dy sels sjen woe hoe't it der op it fjild om en ta gyng, seach er dat Isidoarus siet te bidden. Op it plak fan Isidoarus efter de troch wite oksen lutsen ploege diene ien of twa ingels it wurk foar Isidoarus.
Isidoarus soarge foar mear wûnders en liet lykas Moazes ris in boarne ûntspringe om de ikkers te befloeien.
Doe't er winterdeis ris nei de mûne gyng om weet te meallen, seach er in kloft houtdowen, dy't om 'e nocht op de beferzen grûn nei iten sochten. It begrutte him om de fûgels en hy struide dêrom de helte fan de sek weet op de grûn. Oaren laken him út, mar doe't er by de mûne wie, siet de sek wer fol en nei it meallen hied er twaris safolle weet as ferwachte.
Om't Isidoarus faak minsken mei honger mei nei hûs naam, hie syn frou Maria altiten in grutte pot iten op it fjoer stean. It barde ris dat er mear minsken as wenst nei hûs brocht. Wylst Maria it iten útdielde sei Maria dat der neat mear yn de pot siet. Isidoarus frege Maria nochris te sjen en doe siet der ynienen wer genôch yn om elkenien sêd te jaan.
Ienris foel Illán yn in hiele djippe put; syn heit en mem soene doe sa fûleindich bidden ha, dat it wetter fan de put omheech kaam en Illán meinaam nei de râne.
Fan Isidoarus wurdt ek ornearre dat er foar Alfons VIII fan Kastylje ferskynde en him in paad wiisde om de Moaren oer it mad te kommen. De soldaten fan Alfons III hellen yn de Slach by Las Navas de Tolosa yn 1212 de oerwinning.
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn reliken waarden yn de 18e iuw mei dy fan syn frou oerbrocht nei de San Isidro el Real yn Madrid, dêr't syn reliken noch jimmeroan ûnoantaast fereare wurde.[3]
Doe't kening Filips III nei it oanreitsjen fan de reliken fan de hillige fan in deadlike sykte better waard, liet de kening de âlde relykskryn troch in djoere sulveren skryn ferfange. Troch de skiednis hinne sochten leden fan it Spaanske keningshûs by sykte om foarspraak fan de hillige. Yn 1696 ferhûzen de reliken fan Isidoarus nei it Keninklike Alcazar fan Madrid foar de sike Karel II fan Spanje. Wylst Isidoarus dêr stie, luts immen in tosk út syn kake en joech dy oan de kening, dy't de tosk oant syn dea ûnder syn bêdskessen bewarre. It soe net de earste en de lêste kear wêze dat it lichem fan de hillige skeind waard. Fan ien fan de froulju fan it hôf fan Isabella I fan Kastylje waard skreaun dat dy ien fan de teannen fan Isidoarus ôfbiet.
Doe't Maria Amalia fan Saksen slim siik wie waard de hillige yn 1760 op 'e nij nei it Keninklik Paleis fan Madrid brocht.
Patroanhillige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Isidoarus wurdt in soad fereare troch boeren, minsken dy't yn it boerebedriuw wurkje en túnkers. Hy is de beskermhillige fan de stêden Madrid, León, Saragossa en Sevilla en in soad oare plakken yn Europa, mar fral ek yn de koloanjes fan it eardere Spaanske Ryk. De Amerikaanske plakken San Ysidro (Kalifornje) en San Ysidro (Nij-Meksiko) binne nei Isidoarus ferneamd. Hy wurdt oanroppen foar in goede rispinge.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Isidoarus wurdt fakentiden ôf- en útbylde as in boer mei in sikkel, harke, skoffel of skeppe en in nôtskeaf. Ek wurdt er foarsteld mei sikkel en stêf, wylst in ingel foar him ploeget, of mei in ingel en wite okse. Yn de spaanske keunst hat Isidoarus in skeppe of ploege.
Museo de San Isidro
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Museum fan Sint-Isidoarus yn Madrid toant saken oer de skiednis fan Madrid. It gebou stiet op it plak dêr't Isidoarus neffens de tradysje ea wenne hat. Yntegrearre yn it gebou binne in oarspronklik 17e-iuwske kapel mei fresko's oer it libben fan Isidoarus en de put dêr't de soan fan Isidoarus yn foel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Isidore the Laborer
|