Springe nei ynhâld

Isenburg (kastiel yn Isenburg)

Ut Wikipedy
Isenburg
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Neuwied
koördinaten 50° 28 N 7° 35 E
Skiednis
boujier 12e iuw
hjoeddeiske steat ruïne
Oars
type hichteboarch
Kaart
Isenburg (Rynlân-Palts)
Isenburg

De Isenburg is in ruïne yn Isenburg yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts, himelsbreed likernôch 10 km east fan 'e Ryn.

De ruïne leit op in hichte boppe it doarp mei deselde namme. It is it op ien nei âldste kastiel fan 'e lânkring Neuwied en waard yn 1103 foar it earst neamd. Opdrachtjouwers foar de bou wiene de greven fan Isenburg. Dy aadlike famylje spile in wichtige rol yn it gebiet en hie meardere kastielen.

It is in romaansk hichtekastiel dat grutskalich oanlein waard mei in lingte fan 70 m en in breedte fan 30 m. Oars as wenst stiet de berchfrede net op de kant dêr't it kastiel oanfallen wurde koe (yn it noarden), mar yn 'e súdwesthoeke op in rotspunt. Fan dêrwei wie de delling fan it rivierke de Sayn yn beide rjochtingen goed te beweitsjen. De toer hat nei alle gedachten in hichte fan 20 oant 25 m hân.

Yn 'e 13e iuw waard it kastiel fan Isenburg ien fan 'e belangrykste residinsjes fan 'e greven. Fanút dat kastiel waard harren besit bestjoerd.

It kastiel wie yn 1625 noch bewenne. Yn 1633 besetten Spaanske troepen it kastiel. Lykas in soad oare kastielen rekke ek de Isenburg yn 'e rin fan 'e tiid yn ferfal. Hjoed-de-dei is it foar it grutste part in ruïne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen / literatuer, sjoch: Literatur, op dizze side. Fierder is gebrûk makke fan in ynformaasjeboerd op lokaasje by de ruïne.