Isenburg (Westerwald)
| Isenburg | ||
| Kastielruïne en tsjerke | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Neuwied | |
| ferbânsgemeente | Dierdorf | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 603 (31.12.2023) | |
| Oerflak | 4,17 km² | |
| Befolkingsticht. | 145 ynw./km² | |
| Hichte | 160 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 56271 | |
| Koördinaten | 50° 28' N 7° 35' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.ortsgemeinde-isenburg.de | ||
| Kaart | ||
Isenburg is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak makket diel út fan 'e lânkring Neuwied. It heechste punt fan it plak is de Iserkopf mei in hichte fan 313 m boppe seenivo. Isenburg leit oan it rivierke de Sayn.
It plak is in Ortsgemeinde en makket diel út fan 'e ferbânsgemeente Dierdorf.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Isenburg wurdt dominearre troch de ruïne fan it 12e-iuwske kastiel Isenburg. Fan 'e befêstiging fan Isenburg is in 14e-iuwske poarte mei in dakruter en oangrinzgjend fakwurkhûs bewarre bleaun.
De roomsk-katolike Katarinatsjerke is in halletsjerke út 1862–1868.
Ien km súdwest fan it histoaryske Isenburg leit yn 'e bosken in ruïne fan in 15e-iuwske goatyske beafeartskapel. Mei't yn 1788 it genedebyld fan 'e beafearttsjerke nei Iserburg ferhûze, rekke de beafeartskapel yn ferfal.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Isenburg (Westerwald) fan Wikimedia Commons. |