Isabelwurger
| isabelwurger | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lanius isabellinus | ||||||||||||
| Hemprich & Ehrenberg, 1833 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De isabelwurger (Lanius isabellinus) is in sjongfûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) dy't foarkomt yn Aazje.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is 16,5 oant 18 sm lang, it formaat fan 'e skatekster, dêr't de fûgel ek wol wat fan hat. De soarte weaget 25 oant 34 gram en hat in spanwiidte fan 37 oant 42 sintimeter.
In opfallend ferskil is de relatyf lange en rustkleurige sturt. It mantsje hat in okerkleurige oant rustreade kap (krún en foarholle), dêr't de skatekster griis is. De fûgel is fierder sânkleurich, griisbrún fan boppe en mear okerkleurich mei in bêzje waas op 'e búk en it boarst. It wyfke is goed te ûnderskieden troch it ûntbrekken fan griis en de readbrune sturt.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De isabelwurger briedt yn Midden-Aazje en oerwinteret yn it westen fan it Yndysk subkontinint, it Arabysk skiereilân en Sintraal-Afrika. Der binne trije ûndersoarten:
- Lanius isabellinus isabellinus – noardlik Sina, Mongoalje en súdlik Sibearje
- Lanius isabellinus arenarius – noardwestlik Sina
- Lanius isabellinus tsaidamensis – westlik sintraal Sina
It leefgebiet bestiet út gebieten mei drûch strûkguod (foaral Tamarix), yn rivierdellingen en ek op heechflaktes en berchtmes yn 'e sône mei in soad strûken oant 3500 m boppe de seespegel yn 'e Pamir. Yn 'e oerwinteringsgebieten komt de fûgel faak foar yn kultuerlânskip en somtiden sels yn sompegebieten.
Foarkommen yn West-Jeropa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De isabelwurger is in seldsume dwaalgast yn West-Jeropa. Yn Nederlân binne tusken 1995 en 2024 mear as twintich befêstige waarnimmingen dien, û.o. op 'e waadeilannen en it Lauwersmargebiet. De measte waarnimmingen yn dat tiidrek binne yn 'e hjerst dien.[1]
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. Oannommen wurdt dat de soarte in stabile populaasetrend hat. Dêrfandinne stiet de isabelwurger as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Wurger
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Yndia
