Springe nei ynhâld

Isabelle Brinkman

Ut Wikipedy
Isabelle Brinkman
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Isabelle Brinkman (2013)
Isabelle Brinkman (2013)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeIsabelle Maria Brinkman
nasjonaliteit Nederlânsk
berne4 april 1972
berteplakAmsterdam
wurkpaad
wurksum asDJ
Presintatrise
mediumRadio
Televyzje
wurksum byTMF Nederlân,
SBS 6,
NPS,
Kink FM,
Omroep West,
KINK
jierren aktyf1995-no

Isabelle Maria Brinkman (Amsterdam, 4 april 1972) is in Nederlânsk televyzjepresintatrise en radio dj.

Sy begûn har skoalkarriêre yn Antwerpen, Belgje. Dêrnei gie se nei in Nederlânske havo-oplieding. Dêrnei studearre se yn it Switserske Genève en kaam werom nei Nederlân om ek har vwo-diploma te heljen.

Brinkman begûn as resepsjoniste by Radio 10, dêr't sy Lex Harding opfoel. Wat der ta liede dat se fan 1995 oant 1998 wurksum wie as presintatrise by it troch Harding oprjochte TMF. Nei TMF gie se nei de NPS en wie foar de NPS oant 2003 wurksum as DJ op 3FM. Dernei wie se twa jier wurksum by SBS 6 as presentatrise fan SBS Shownieuws, en trije jier as DJ op it doetiidske Kink FM. Yn 2005 wie se ien fan de dielnimmers yn it fiifde seizoen fan it AVRO-telefyzjeprogramma Wie is de Mol? wêryn't se úteinlik net de mol mar de lêste ôffaller foar de finale bliek te wêzen. Fan 2012 oant 2015 wie se wurksum as radio-presentatrise by Omroep West. Yn 2024 gie se oan it wurk as DJ by it hjoeddeiske KINK.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL