Iriomotekat
| Iriomotekat | ||||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
| ûndersoarte | ||||||||||||||
| Prionailurus bengalensis iriomotensis | ||||||||||||||
| Imaizumi, 1967 | ||||||||||||||
| IUCN-status: krityk
| ||||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||
De Iriomotekat (wittenskiplike namme: Prionailurus bengalensis iriomotensis) is in ûndersoarte (of in populaasje) fan 'e Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis), dy't foarkomt op it eilân Iriomote yn súdlik Japan. It bestean fan dit bist waard pas yn 1967 troch de wittenskip offisjeel fêststeld. Neitiid waard de Iriomotekat earst as in selsstannige soarte beskôge, mar yn 'e 1990-er jierren yn rang weromset nei in ûndersoarte. Sûnt 2017 wurdt er troch de Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) as in morfologysk en geografysk ôfwikende populaasje fan 'e algemiener foarkommende noardlike ûndersoarte fan 'e Bingaalske loaihoarskat sjoen. Der moat lykwols noch mear ûndersyk ferrjochte wurde om 'e krekte relaasje fan 'e Iriomotekat mei oare foarmen fan 'e Bingaalske loaihoarskat fêst te stellen. Yn elts gefal is wol dúdlik dat de Iriomotekat krityk bedrige is, mei't de totale wrâldpopulaasje mar kwealk boppe de 100 eksimplaren útkomt.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it bestean fan in lânseigen lytse kat op it eilân Iriomote by de pleatslike befolking al folle langer bekend wie, waard de Iriomotekat pas yn 1965 troch wittenskip ûntdutsen. Dat barde doe't Yukio Togawa, de auteur fan ferskate wurken oer lânseigen bisten yn Japan, it eilân besocht. Yn 1967 waard de Iriomotekat wittenskiplik beskreaun troch Yoshinori Imaizumi, de direkteur fan 'e soölogyske ôfdieling fan it Nasjonaal Museum fan Natoer en Wittenskippen yn Tokio.

Dyselde beskôge de Iriomotekat as in selsstannige soarte en joech it bist de wittenskiplike namme Mayailurus iriomotensis. Hy wiisde op 'e morfologyske ferskillen mei de loaihoarskatten (Prionailurus) en ornearre dat de Iriomotekat nauwer besibbe wie mei oare skaaien út 'e ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae), lykas de Afrikaanske goudkatten (Profelis) en de moarmerkatten (Pardofelis). Dat idee waard troch oare soölogen al fan it begjin ôf oan sterk bestriden. Nei ferskate yngeande ûndersiken nei de morfology en fylogeny fan 'e Iriomotekat waard er yn 'e 1990-er jierren by de loaihoarskatten yndield as in ûndersoarte fan 'e Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis).
In molekulêre analyze fan Bingaalske loaihoarskatten út it hiele ferspriedingsgebiet brocht yn 2006 oan it ljocht dat de soarte bestie út trije dúdlike faninoar ûnderskate kladen: in noardlikenien en twa súdliken. Ien fan 'e súdlike kladen stie op sa'n genetyske ôfstân fan 'e oare beide, dat dy neitiid erkenning krige as in selsstannige soarte ûnder de namme fan 'e Sûndaloaihoarskat (Prionailurus javanensis). Ut 'e analyze bliek de Iriomotekat lykwols net dúdlik genetysk te ferskillen fan 'e oare noardlike populaasjes. Sûnt 2017 wurdt de Iriomotekat dêrom ornaris sjoen as in morfologysk en geografysk ôfwikende populaasje fan 'e noardlike ûndersoarte fan 'e Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis euptilura). De kwestje is lykwols noch net alhiel útiten, om't it meunster fan 'e Iriomotekat dat foar de analyze brûkt waard, troch de seldsumens fan it bist sa lyts wie dat der fraachtekens pleatst wurde kinne by de represintativiteit.
Ek de fraach hoe't de Iriomotekat op Iriomote komt, is noch altyd in striidkwestje. Feit is dat de súdlike Rjûkjû-eilannen tusken 240.000 en 20.000 jier lyn mei in lânbrêge fia Taiwan mei it fêstelân fan East-Aazje ferbûn wiene. Party soölogen binne fan tinken dat de Iriomotekat yn dy tiid op eigen krêft it lettere eilân berikt hawwe moat. Oare saakkundigen fine it apart dat der fan 'e Iriomotekat op omlizzende eilannen gjin spoar te bekennen falt. Dyselden wize derop dat de Bingaalske loaihoarskat omtrint 5.000 jier lyn yn Sina troch de minske domestisearre waard. Harren teory is dat de Iriomotekat troch de minske as húsdier nei Iriomote ta brocht is, dêr't de it bist wer ferwyldere is.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iriomotekat is endemysk op it eilân Iriomote, yn it uterste suden fan Japan, dat in oerflak fan 290 km² beslacht. Iriomote is ien fan 'e Yaeyama-eilannen, de súdlikste kloft fan it gruttere eilannestring fan 'e Rjûkjû-eilannen. Iriomote leit safier súdlik fan 'e Japanske haadeilannen, dat Taiwan folle tichterby is.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iriomotekat is fan in grutte dy't ferlykber is mei dy fan 'e hûskat (Catus felis). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 50–60 sm, mei in sturtlingte fan 23–24 sm en in gewicht fan 3–5 kg. De mantsjes binne justjes foarser en swierder as de wyfkes. It lichem is relatyf lang en de poaten binne koart en grou. De hals is ek grou en de skouders binne tige spierd, hoewol't dizze kat yn ferhâlding ta oare lytse katten net botte fier springe kin. De pels is foar it meastepart dûnkergriis mei ljochtbrún dertrochhinne, en hat wol wat wei fan 'e sipertske kleur fan guon hûskatten. Dat jildt fral foar de kop, dêr't ferskate ljochtere en dûnkerder streken oer de foarholle en de wangen rinne. De kop is lykwols platter as dy fan in hûskat, en de earen binne rûner.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iriomotekatten libje op Iriomote benammen yn it subtropysk reinwâld dat it berchteftige binnenlân fan it eilân oerdekt oant in hichte fan sa'n 200 m boppe seenivo. Se jouwe de foarkar oan habitats mei in legere luchtfochtichheid yn 'e neite fan 'e iggen fan rivieren of de boskrâne. De bergen op Iriomote binne beheind ta leechberchtme dat net heger opriisd as 460 m. Dat makket de toppen fan minder wearde foar de Iriomotekat, mar pleatst se net bûten syn berik.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iriomotekat libbet op 'e wâldflier, mar kin sûnder swierrichheden yn beammen klimme. Hy liket ek net bot ôfkear fan wetter te hawwen, en swimt geregeldwei rivieren en beken oer. It is in nachtdier mei hichtepunten yn 'e aktiviteit yn 'e jûnsskimer en by moarnsdage. Oerdeis sliept er yn in skûlplak, lykas in holte tusken strewelleguod of in lytse grot. Iriomotekatten libje in solitêr bestean en hawwe territoaria fan 1–7 km² yn oerflak, dy't inoar wat oerlaapje. Se sette har territoarium ôf mei rookflaggen troch op rotsen te pisjen of der ûnbedobbe kjitte op efter te litten.

De peartiid falt foar Iriomotekatten fan desimber oant en mei maart, mei in hichtepunt yn jannewaris en febrewaris. Yn dy tiid binne se ek oerdeis aktyf. It is de iennichste tiid fan it jier dat se it selskip fan soartgenoaten opsykje. De wyfkes wurde yn dy snuorje ferskate kearen maartsk en de lêste kear hâldt dat sa'n 2 wiken oan. Dat skoft bliuwe pearkes fan in mantsje en in wyfke byinoar, mar dêrnei hat it mantsje fierders neat mear mei it fuortplantingsproses út te stean. De draachtiid duorret 60–70 dagen, wêrnei't it wyfke op in beskut plak in nêst fan 1–3 jongen smyt. Dy bliuwe likernôch 11 moannen lang by de mem en berikke geslachtsripens as se 1 jier en 8 moannen âld binne. Yn it wyld hawwe Iriomotekatten in libbensferwachting 2–5 jier, mar yn finzenskip is ien yndividu nei skatting 15 jier âld wurden.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iriomotekat is in karnivoar dy't lytse en middelgrutte proaien bejaget. Foarbylden binne sûchdieren lykas de swarte rôt (Rattus rattus), de Rjûkjûaanske flearhûn (Pteropus dasymallus) en bichjes fan it everswyn (Sus scrofa); fûgels lykas de Sineeske gielpuntsnaffelein (Anas zonorhyncha), de swartpoatral (Rallina eurizonoides), de dwerchearûle (Otus scops), de bleke lyster (Turdus pallidus) en de wytboarstreidhin (Amaurornis phoenicurus); reptilen lykas de Japanske skink (Plestiodon kishinouyei), en amfibyen lykas de Sakishimaryskikkert (Fejervarya sakishimensis). Ek ynsekten, fisken en kreefteftigen (swietwettergarnalen) steane op it menu.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iriomotekat hat op Iriomote eins gjin natuerlike fijannen, hoewol't jongen oppasse moatte foar rôffûgels en ûlen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iriomotekat hat de IUCN-status fan "krityk bedrige", mei't hiele wrâldpopulaasje by in telling út 2006–2007 rûsd waard op 100–109 eksimplaren en der boppedat in delgeande trend bestiet. Bedrigings foar de Iriomotekat komme allegearre fan 'e minske: habitatferlies troch útwreiding fan minsklike aktiviteiten, bisten dy't omkomme yn it ferkear, predaasje troch hûnen dy't as húsdier holden wurde, en bisten dy't omkomme yn fâlen dy't útset wurde om everswinen te fangen. Boppedat hat de minske de reuzepod (Rhinella marina) út Súd-Amearika as ynvasive eksoat op Iriomote yntrodusearre. Dat bist skiedt gif ôf fia de hûd en in Iriomotekat dy't ien besiket op te iten, moat dat sels mei de dea bekeapje. Yn 2008 binne eilânbewenners dêrom úteinset mei in útrûgingskampanje foar de reuzepod.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|


