Springe nei ynhâld

Irene Adler

Ut Wikipedy
Irene Adler
personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Amerikaansk
berop/amt operasjongster
aktrise
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Sherlock Holmes
dokter Watson
Mycroft Holmes
ynspekteur Lestrade
professor Moriarty
geastlike heit sir Arthur Conan Doyle
ûntstean 1891

Irene Adler (útspr.: [ˈaːi̭ɹiːn ˈædləɹ], likernôch "aai-riin ed-lur") is in fiktyf personaazje út 'e Sherlock Homes-searje fan detektiveromans en -ferhalen fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. Hja waard yntrodusearre (en komt inkeld foar) yn it ferhaal A Scandal in Bohemia, út 1891. Irene Adler is in earder operasjongster en aktrise, dy't ien fan mar in hantsjefol minsken en de iennichste frou is dy't privee-detektive Sherlock Holmes op syn eigen terrein ferslane. Hoewol't se mar yn ien ferhaal foarkomt, hat se sadwaande letter faak it ûnderwerp west fan ferhalen oer Holmes troch oare auteurs as Doyle, en teffens fan film- en tillefyzje-adaptaasjes fan 'e Sherlock Holmes-searje.

It is net dúdlik oft sir Arthur Conan Doyle immen yn gedachten hie doe't er it personaazje fan Irene Adler skoep, mar fan in artyste dy't in relaasje kriget mei in hege ealman besteane histoarysk ferskate foarbylden. Ien dêrfan is Lola Montez, in dûnseresse dy't de mêtresse waard fan kening Loadewyk I fan Beieren. Sy wurdt troch ferskate Sherlock Holmes-ekspêrs sjoen as it model dat Doyle foar Irene Adler brûkte. In oare gadingmakster is de aktrise Lillie Langtry, de minneresse fan 'e lettere kening Edwert VII fan it Feriene Keninkryk (doe noch de prins fan Wales). Holmes-kenner Julian Wolff skreau yn 1957 dat it rûnom bekend wie dat Langtry fan Jersey kaam, om't se, mei in wurdboarterij op har foarnamme, wol de "Jersey Lily" ("Leelje fan Jersey") neamd waard. Doyle skriuwt dat Irene Adler út Nij-Jersey komt.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Irene Adler komt mar yn ien Sherlock Homes-ferhaal foar: A Scandal in Bohemia, dat yn july 1891 publisearre waard. Hja wurdt fierders yn it foarbygean neamd yn trije oare ferhalen: A Case of Identity, The Adventure of the Blue Carbuncle en His Last Bow.

Neffens A Scandal in Bohemia is Irene in Amerikaanse, dy't yn 1858 berne is yn Nij-Jersey. Se hat karriêre makke as operasjongster en aktrise, wêrby't se optredens fersoarge hat yn û.m. La Scala yn Milaan en teffens in skoft as prima donna tsjinne hat yn 'e Keizerlike Opera yn Warsjau. Mei dy antesedinten wurdt fêststeld dat Irene yn 'e operawrâld net folle heger opklimme koe as dat se dien hat. Yn Warsjau komt se yn 'e kunde mei en wurdt se de mêtresse fan Wilhelm Gottsreich Sigismond von Ormstein, gruthartoch fan Cassel-Felstein en kroanprins fan it Keninkryk Bohemen (dat yn it echt doedestiden in besitting fan it Hûs Habsburch wie).

Wilhelm omskriuwt Irene letter tsjin Sherlock Holmes as "in notoire aventoersfrou", in oantsjutting dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw brûkt waard as eufemisme foar "koertisane", wat op himsels al in eufemisme wie foar "prostituee yn 'e hegere maatskiplike klassen". Neffens Wilhelm hat Irene "it gesicht fan 'e prachtichste frou en it ferstân fan 'e meast wisberette man". Se nimt gauris de momkape fan in man oan om har foardiel te dwaan mei de gruttere frijheid dy't dat har jout. Irene en de kroanprins hâlden harren ferhâlding geheim, mar wikselje brieven út en litte in foto fan har beiden tegearre meitsje dy't Irene bewarret. Lang om let einiget de românse as de kroanprins weromkeart nei Praach, wylst Irene, dy't no tsjin 'e tritich rint en oer har hichtepunt as operasjongster hinne is, in ein oan har wurkpaad breidet en har yn Londen nei wenjen set.

Sherlock Holmes yn momkape (l.) wurdt troch Irene Adler sjartere om tsjûge te wêzen by har houlik mei Godfrey Norton. (Yllustraasje fan Sidney Paget út 1891).

Meitiid wurdt kroanprins Wilhelm kening Wilhelm. Yn 1888 risselwearret er om te trouwen mei Clotilde Lothman von Sachsen-Meiningen, de twadde dochter fan 'e keninge fan Skandinaavje (in fiktyf lân). In jaloerske Irene driget dêrop de kompromittearjende foto fan harsels en Wilhelm nei syn oansteande skoanfamylje te stjoeren. De kening ropt de help fan Sherlock Holmes yn om 'e foto te bemachtigjen foar't soks barre kin. Holmes nimt de saak oan en bespionearret Irene yn ferskate momkapen. Hy ûntdekt dat se in nije relaasje oangien is mei in abbekaat dy't Godfrey Norton hjit en is tsjûge fan it rimpen sletten houlik tusken har en Norton.

Uteinlik wit Holmes de foto op te spoaren, mar as er mei syn fêste selskipsman dokter Watson en kening Wilhelm weromkomt om der beslach op te lizzen, binne Irene en de foto poater. Se hat inkeld in foto fan harsels allinnich efterlitten, en in brief wêryn't se útleit dat se Holmes syn momkapen trochsjoen hat en sels yn momkape Holmes syn wente op 221B Baker Street besocht hat. Irene fertelt ek dat se ûnderwilens nije leafde fûn hat by Norton en dêrom no net mear fan doel is om it houlik fan 'e kening te torpedearjen. De kompromittearjende foto hâldt se lykwols, as beskerming foar it gefal dat kening Wilhelm har fierder tenei komme wol. Dat wol de kening net, mei't er libje kin mei de ôfrin fan 'e saak. As er Holmes in beleanning foar syn ynset oanbiedt, freget de privee-detektive inkeld om 'e foto fan Irene hâlde te meien, dy't er ynliste lit en op syn buro set.

Yn 'e begjinalineä fan A Scandal in Bohemia neamt Watson, de biograaf fan Holmes dy't as de ik-persoan sabeare it ferhaal skriuwt, Irene "the late Irene Adler". Dat suggerearret dat se op dat stuit al ferstoarn is, mei't it Ingelske wurd late, as it foar in namme pleatst wurdt, safolle betsjut as "silger" efter de namme yn it Frysk. Holmes-ekspêrs hawwe lykwols spekulearre dat Doyle hjir eins bedoeld "de eardere Irene Adler", mei't har namme ommers feroare is troch har houlik mei Norton. Dy útlis wurdt oannimliker mei't Doyle it wurd late yn it ferhaal The Adventure of the Priory School oanwiisber op dyselde manear brûkt.

Holmes en Adler

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut it hâlden en dragen fan Holmes nei't Irene him te fluch ôf west hat, soe opmakke wurde kinne dat er suver wat fereale op har rekke is, mar neffens de beskriuwing fan dokter Watson is dat sa net, hoewol't er al in bliuwende bewûndering foar har skipe hat. As de kening fan Bohemen op in stuit yn it ferhaal seit: "Hie se net in geweldige keninginne west? Is it net spitich dat se net op myn nivo stiet?" antwurdet Holmes drûchjes dat Irene yndie fan in folslein oar nivo as de kening is.

Irene Adler yn oare wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen it feit dat sy, as frou, Sherlock Holmes op syn eigen terrein fersloech, is Irene Adler bliuwend populêr wurden. Ferskate lettere auteurs hawwe boeken oer Holmes skreaun dêr't se in wichtige rol yn spilet, en Carole Nelson Douglas skreau sels in hiele romansearje wêryn't Irene de protagoniste is. Dêryn wurdt har libben fan koart foar har moeting mei Holmes en dêrnei beskreaun, en blykt se sels ek de iene moard nei de oare op te lossen.

Yn films en tillefyzjesearjes is it personaazje fan Irene Adler fertolke troch sokke aktrises as Charlotte Rampling (Sherlock Holmes in New York, 1976), Morgan Fairchild (Sherlock Holmes and the Leading Lady, 1992), Rachel McAdams (Sherlock Holmes, 2009) en Natalie Dormer (Elementary, 2012-2019).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.