Springe nei ynhâld

Ynternasjonale Uny fan Ornitologen

Ut Wikipedy
Ynternasjonale Uny fan Ornitologen
International Ornithologists' Union
algemiene ynformaasje
ôfkoartingIOU
nasjonaliteit Amerikaansk
type org.feriening
wurkmêdornitology
haadkertierBaton Rouge (Louisiana)
oprjochte1884
offisjele webside
www.internationalornithology.org

De Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (Ingelsk: International Ornithologists' Union, ôfkoarte ta IOU) is in ynternasjonale feriening foar ornitology. It doel fan 'e organisaasje is om praktysk en tapast ûndersyk oaninoar te keppeljen en teffens bûten de doelgroep fan ornitologen te rikken om edukaasje op ornitologysk mêd foar leken beskikber te meitsjen. De IOU organisearret fierders kommisjes en komitees dy't rjochte binne op ferskate aspekten fan 'e ornitology. Ien fan 'e wichtichste aktiviteiten is boppedat it organisearjen fan it om 'e fjouwer jier holden Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres. De IOU foarmet de seksje oangeande ornitology fan 'e Ynternasjonale Uny foar Biologyske Wittenskippen. It haadkertier fan 'e IOU is anno 2025 fêstige oan 'e Steatsuniversiteit fan Louisiana yn Baton Rouge.

De IOU komt fuort út it Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres, dat yn april 1884 foar it earst holden waard. Reden dêrfoar wie dat yndividuele fûgels troch de fûgeltrek yn ferskillende lannen libben, sadat ornitology in ynternasjonaal karakter hie. It earste kongres fûn plak yn Wenen. It waard organisearre troch de Eastenrykske ornitologen Rudolf Blasius en Gustav von Hayek en hie de stipe fan kroanprins Rudolf fan Eastenryk-Hongarije.

De IOU hat it doel om 'e op fûgels rjochte biology te ûnderstypjen, te promoatsjen en foarút te helpen troch it útdragen fan ornitologyske kennis, sawol oan 'e wittenskiplike mienskip as oan it bredere publyk. Dêrta wurdt gearwurke mei oare wittenskiplike ferienings, stiftings en ynstituten dy't deselde belangstellings hawwe en deselde doelen neistribje. Ek wurdt pleatslik ûndersyk oanfitere dêr't amateur-ornitologen by belutsen binne, dy't weardefolle ynformaasje en kennis oandrage. Fierders besiket de IOU relaasjes te kultivearjen tusken ornitologen út ferskillende lannen en territoaria, sadat ynternasjonaal ûndersyk makliker ta stân komme kin en der ynformaasje-oerdracht plakfine kin tusken ferskillende regio's fan 'e wrâld. Ta einbeslút fynt de IOU it wichtich dat der konneksjes ûntsteane tusken wittenskiplik ûndersyk en sitewaasjes wêrby't de by dat ûndersyk opdiene kennis tapast wurdt, bygelyks yn it ramt fan 'e natoerbeskerming.

Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres (Ingelsk: International Ornithological Congress, ôfkoarte ta IOC) is in ynternasjonaal kongres op it mêd fan 'e ornitology dat organisearre wurdt troch de IOU. It is de grutste en âldste ynternasjonale gearkomste foar ornitologen. It bestiet sûnt 1884, en wurdt sûnt 1926 ienris yn 'e fjouwer jier holden (útsein ûnder de Twadde Wrâldoarloch). Hjirûnder de jierren en plakken dêr't it IOC holden waard:

1884 – Wenen (Eastenryk-Hongarije)
1891 – Boedapest (Eastenryk-Hongarije)
1900 – Parys (Frankryk)
1905 – Londen (Feriene Keninkryk)
1910 – Berlyn (Dútslân)
1926 –   Kopenhagen (Denemark)
1930 – Amsterdam (Nederlân)
1934 – Oxford (Feriene Keninkryk)
1938 – Rouen (Frankryk)
1950 – Uppsala (Sweden)
1954 –    Basel (Switserlân)
1958 – Helsinki (Finlân)
1962 – Ithaca (New York) (Feriene Steaten)
1966 – Oxford (Feriene Keninkryk)
1970 – De Haach (Nederlân)
1974 – Canberra (Austraalje)
1978 – West-Berlyn (West-Dútslân)
1982 – Moskou (Sovjet-Uny)
1986 – Ottawa (Kanada)
1990 – Christchurch (Nij-Seelân)
1994 – Wenen (Eastenryk)
1998 – Durban (Súd-Afrika)
2002 – Peking (Sina)
2006 – Hamburch (Dútslân)
2010 – Campos do Jordão (Brazylje)
2014 – Tokio (Japan)
2018 – Vancouver (Kanada)
2022 – Durban (Súd-Afrika)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.