Intelligenzaktion

De Intelligenzaktion wie in systematyske genoside-kampanje fan Nazy-Dútslân oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1939 en 1940 yn Poalen, rjochte op it folslein útrûgjen fan 'e boppelaach fan 'e Poalske befolking. De besetter seach de Poalske intelligentsia — leararen, geastliken, dokters, keunstners en politisy — as in grutte hinder foar it germanisearjen fan it lân, om't hja de dragers wiene fan 'e nasjonale identiteit en kultuer.
Troch de elite te fermoardzjen, hope de SS de Poalen te degradearjen ta in folk fan slave-arbeiders sûnder lieders of histoarysk besef. De aksje fûn benammen plak tusken 1939 en 1940 en koste oan likernôch 100.000 Poalen it libben. In grut part waard daliks eksekutearre yn massaslachtings yn bosken (lykas de moarden yn Piaśnica), wylst oaren nei de earste konsintraasjekampen lykas Mauthausen stjoerd waarden.
De aksje fûn plak yn alle gruttere stêden en regio's fan Poalen. Sa wiene der spesifike operaasjes lykas de Intelligenzaktion Posen (Poznań), Intelligenzaktion Litzmannstadt (Łódź) en de Sonderaktion Krakau, dêr't heechleararen fan 'e universiteit massaal oppakt waarden. Yn it westen fan it lân fûnen yn 'e bosken fan Piaśnica massaslachtings plak dy't tûzenen it libben kosten.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Poland in World War II fan Wikimedia Commons. |