Innosintius VI
| Innosintius VI | ||
| amt en titulatuer | ||
| amt | biskop fan Rome | |
| tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | bisdom Rome | |
| sit | Hillige Sit | |
| amtsperioade | 18.12.1352 - 12.09.1362 | |
| foargonger | Klemins VI | |
| opfolger | Urbanus V | |
| wapen | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Étienne Aubert | |
| bertedatum | 1282 | |
| berteplak | Les Monts | |
| stjerdatum | 12 septimber 1362 | |
| stjerplak | Avignon | |
| etnisiteit | Frânsk | |
Innosintius VI (berne yn it jier 1282 as Étienne Aubert yn Les-Monts-de Beyssac (Frankryk); ferstoarn yn Avignon op 12 septimber 1362) wie fan 18 desimber 1352 oant 12 septimber 1362 biskop fan Rome.
Paus Innosintius VI waard om 1282 hinne berne as Étienne Aubert yn Les Monts, in buorskip by Beyssac yn 'e Limousin (Sintraal-Frankryk). Syn famylje hearde ta de legere adel of de begoede stân. Étienne Aubert studearre kanonyk rjocht, nei alle gedachten yn Toulouse en helle in doktoraat yn it rjocht. Dêrnei waard er rjochter. Innosintius wist syn macht mei kennis en bestjoerlike feardichheid te krijen, net troch komôf.
Yn 1338 waard Étienne Aubert biskop fan Noyon en yn 1340 biskop fan Clermont. Yn 1342 waard er kardinaal.
Pontifikaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Innosintius VI wie ien fan 'e ferballe pausen en bleau yn Avignon yn stee fan Rome. It pontifikaat fan Innosintiuis foel op troch dissipline en ienfâld. It wie in rûzige tiid en hy besocht de pauslike ynfloed yn Itaalje werom te winnen. Dêrby spile kardinaal Gil Álvarez Carrillo de Albornoz in grutte rol, dy't mei militêre en diplomatike middelen de pauslike gebieten ûnder syn kontrôle brocht.
It wie ek de tiid fan 'e Hûndertjierrige Kriich. Hy besocht tusken Frankryk en Ingelân te bemiddeljen en mei troch syn ynfloed kaam it Ferdrach fan Brétigny ta stân, dat foar in tiid fan 9 jier foar relative rêst tusken de lannen soarge.
Innosintius VI hie as jurist in grutte belangstelling foar universiteiten en hy stipe de universiteiten (û.o. Parys en Toulouse ).
Oer it generaal wie Innosintius gjin paus fan grut gebear, hy besocht earder mei lytse stapkes ferbettering te bringen yn 'e gaoatyske omstannichheden fan 'e tiid en krewearre sa foar mear rjocht en oarder. Hy lei boppedat de klam op betûftens yn stee fan komôf en konneksjes. Dochs wist er it Westersk Skisma net te kearen, dat nei syn dea kaam.
Alhoewol't de pauslike macht oer Itaalje foar in belangryk diel wie wersteld, soe Innosintius sels net mear werom keare nei Rome. De paus ferstoar yn 1362 yn 'e âldens fan 80 jier yn Avignon. Hy waard begroeven yn Chartreuse de Villeneuve-lès-Avignon, in kartuzerkleaster krekt bûten Avignon. Koart nei syn dea lôge de Hûndertjierrige Kriich wer op.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Innosintius VI fan Wikimedia Commons. |
| Pausen yn 'e 14e iuw | |||
|---|---|---|---|
|
Benediktus XI · Klemins V · Jehannes XXII · Benediktus XII · Klemins VI · Innosintius VI · Urbanus V · Gregoarius XI · Urbanus VI · Klemins VII · Bonifatius IX · Benediktus XIII · |
|||