Inkastirns
| Inkastirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Larosterna inca | ||||||||||||
| Lesson & Garnot, 1827 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De inkastirns (Larosterna inca) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de ûnderfamylje stirnzen (Sterninae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai Larosterna.
Kenmerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 39 oant 42 sm lange en 175 oant 200 gram swiere fûgel hat in opfallend effen donkergriis fearrekleed, fjoerreade poaten mei swimfluezen en in reade snaffel mei in giel fearreleas plak by de snaffel en in brune iris. Tige karakteristyk binne de wite fearkes dy't as in Salvador Dali-eftige snor fan 'e basis fan' e snaffel by de nekke lâns rint. De punten fan 'e sekundêre fearren en de trije binnenste primêre fearren binne wyt. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen.

De jonge fûgels binne nei it útkommen poarpereftich brún en wurde brúngriis foardat se it folwoeksen fearrekleed krije. De snaffels fan jonge fûgels binne ynearsten donker en hoarnkleurich en wurde stadichoan read lykas dy fan folwoeksen fûgels.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De inkastirns komt foar yn 'e Humboldtstream oan 'e westlike kusten fan Súd-Amearika (Sily, Kolombia, Ekwador en Perû).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel jeit op fisk dy't flak ûnder it wetteroerflak swimme. Ek wurde se faak boppe jeiende seeliuwen en walfisken waarnommen, dêr't se profitearje fan itensresten en folgje yn grutte groepen somtiden de fiskersboaten.

Se briede op smoute plakjes op rotsen by de kust. In lechsel bestiet út ien of twa aaien, dy't troch beide skaaien útbret wurde. Beide âlders bringe ek de jonge fûgels grut.
Inkastirnzen binne feitlik net migrearjend, mar guon reizgje bûten de briedtiid oer grutte ôfstannen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e inkastirns is grut en dêrom is de kâns op útstjerren net sa grut. De populaasje wurdt op likernôch 150.000 fûgels rûsd en de oantallen nimme ôf. De fûgel hat lêst fan klimaatfenomenen lykas El Niño, dy't it briedsukses ferminderet, predaasje fan rotten en ferwyldere katten en de grutskalige fiskerij op ansjofisk. Dêrfandinne wurdt de soarte as hast bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
