Inkagaai
| Inkagaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax yncas | ||||||||||||
| Boddaert, 1783 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Inkagaai (Cyanocorax yncas) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon ornitologen behannelje de mear noardlik foarkommende griene gaai en de Inkakrie as konspesifike soarten mei de C. yncas luxuosus as de griene gaai en C. yncas yncas as de Inkagaai. In mitochondriale DNA-stúdzje út 2010 konkludearre dat der genetyske ferskillen wiene, dy't de teory stipet dat se aparte soarten foarmje, alhoewol't oanjûn waard dat fierder ûndersyk nedich wie om de konklúzjes te befêstigjen.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel wurdt 29,5 oant 30,5 lang en hat wyt op 'e krún en djipblauwe fearren op 'e foarholle en is blau nei de nekke ta. De wangen binne swart mei djipblau en de iris is heldergiel. De fûgel hat in swarte slabbe mei in fierder heldergiele ûnderkant. De boppedielen binne grien.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan ' e soarte leit yn it suden fan yn 'e Andes fan Kolombia en Fenezuëla troch Ekwador, Perû en Bolivia.
Der wurde fiif ûndersoarten erkend mei de folgjende fersprieding:
- Cyanocorax yncas galeatus (Ridgway, 1900) – Komt foar yn westlik Kolombia. Te ferlikenjen mei C. y. yncas, mar hat in gruttere túf.
- Cyanocorax yncas cyanodorsalis (Dubois, 1874) – Eastlik fan 'e Andes yn Kolombia en Noardwest-Fenezuëla. Lytser as C. y. geleatus, mar mei in donkerblauwe túf, wite streek op 'e foarholle, blauwe kroan en nekke, donkergriene rêch en donkerder poaten.
- Cyanocorax yncas guatimalensis (Bonaparte, 1850) – Wurdt yn bercheftige regio's oantroffen fan noardlik Fenezuëla. Te ferlikenjen mei C. y. cyandorsalis, mar mei in koartere túf, oer it generaal minder blau en in smellere wite streek op 'e foarholle. Brúnige poaten en irissen.
- Cyanocorax yncas yncas (Boddaert, 1783) – Wurdt sjoen yn súdwestlik Kolumbia oant eastlik Ekwador en Perû oant sintraal Bolivia.
- Cyanocorax yncas longirostris (Carriker, 1933) – Komt foar yn 'e Marañon-delling yn noardlik Perû. Te ferlikenjen mei C. y. yncas mar grutter.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inkagaaien bouwe meastentiids in nêst yn in beam of yn stikelbosk. It wyfke leit trije oant fiif aaien. Allinnich it wyfke briedt, mar beide âlden soargje foar de jongen.
It iten bestiet út lidpoatigen, wringeleazen, sied en fruchten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
