Springe nei ynhâld

Inge Boulonois

Ut Wikipedy
Inge Boulonois
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeInge Boulonois
nasjonaliteit Nederlânsk
berne23 septimber 1945
berteplakAlkmar
stoarn3 desimber 2024
stjerplakHearhugowaard
wurk
taalNederlânsk
sjenreProaza
tema'skeunst,
waarnimming,
natuer,
leauwe,
fergonklikens
jierren aktyf2004 - 2022

Inge Boulonois (Alkmar, 23 septimber 1945 - Hearhugowaard, 3 desimber 2024) wie in Nederlânsk dichteres en byldzjend keunstner.

Inge Boulonois waard berne op 23 septimber 1945 te Alkmar. Nei de middelbere skoalle folge se in keunstnersoplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten yn Arnhim. Yn 1988 studearre se as waarnimmingspsycholooch ôf oan de Radboud Universiteit yn Nimwegen. Yn 2000 begûn se mei it skriuwen fan gedichten. Se skreau sawol frije as bûne fersen, serieuze as lichtfuottige gedichten. Keunst, waarnimming, natuer, leauwe en fergonklikens wiene wichtige tema’s yn it frije dichtwurk. Dêrneist makke se animaasjes fan gedichten en byldsonnetten. Fan 2011 oant 2015 wie se offisjeel stedskdichter fan Hearhugowaard. Inge Boulonois ferstoar op 3 desimber 2024, yn 'e âldens fan 79 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL