Immenstedt (Noard-Fryslân)
| Immenstedt / Imensteed | ||
| Lokaasje fan Immenstedt (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Viöl | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 683 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 14,61 km² | |
| Befolkingsticht. | 47 ynw./km² | |
| Hichte | 19 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25885 | |
| Offisjele webside | ||
| www.immenstedt-nf.de | ||
| Kaart | ||
Immenstedt (Noardfrysk: Imensteed; Deensk: Immingsted) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Viöl en hat 683 ynwenners (2024).
Yn it gemeentegebiet leit it Immenstedter Wald, in grut bûkebosk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard yn 'e 13e iuw foar it earst as Imming neamd. Sûnt 1438 hiene de hartoggen fan Gottorf it gebiet yn harren besit en hja lieten yn 1590 dêr in jachtslot bouwe, dat yn 1712 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waarad.
Oant de Dútsk-Deenske Kriich yn 1864 hearde it plak by it kerspel Schwesing (Deensk: Svesing Sogn) yn it hartochdom Sleeswyk, dat by Denemark hearde. Nei de anneksaasje fan Sleeswyk en Holstein troch Prusen waard út it gebiet fan it kerspel Schwesing in saneamde Kirchspielslandgemeinde (lânsgemeente) foarme. Njonken Immenstedt bestie dy gemeente út de fiif doarpen Ahrenviöl, Hochviöl (tsjintwurdich Viöl), Schwesing, Oster-Ohrstedt en Wester-Ohrstedt. Op 1 april 1934 waard lânsgemeente Schwesing opheft. De doarpen waarden doe selsstannige gemeenten en sa ek Immenstedt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
