Springe nei ynhâld

Immedingen

Ut Wikipedy

De Immedingen wiene in aadlik skaai út Saksen, dat fan de Saksyske hartoch Widukind ôfstamme. It meast bekende lid wie Matilde fan Ringelheim, de frou fan de Dútske kening Hindrik I de Fûgelder.[1]

Hja wiene wichtige goeddoggers fan de tsjerke yn Saksen fan de 10e iuw; ta harren leden hearden ûnder oaren de hillige Emma fan Lesum en har broer, biskop Meinwerk[2] fan Paderborn. Matilde har beppe, Matilde I, wie abdis fan de abdij fan Herford. Om 940 hinne stifte in mooglike greve Immad fan de Immedinger dynasty in nonnekleaster yn Ringelheim yn Eastfalen. Keninginne Matilde sels skonk nei de dea fan har man yn 936 de abdij fan Quedlinburg, dêr't sy ek begroeven waard.

Neffens de Res gestae saxonicae fan de kronykskriuwer Widukind fan Corvey, wie de heit fan Matilde fan Ringelheim, de Westfaalske greve Diderik fan Ringelheim, in neikommeling fan de hartoch Widukind. In suster fan Matilde boaske greve Wichman de Aldere út it Hûs Billung. In stambeam is lykwols noch net definityf fêststeld.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. D.J. Henstra, Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, side 76
  2. (in) "Blessed Meinwerk", lemma yn Catholic Encyclopedia (1913). Argivearre op 26 maart 2023.