Ilona Hoeksma

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ilona Hoeksma yn 2017

Ilona Hoeksma (Lúkswâld, 22 maaie 1991) is in Nederlânsk beropshurdfytster fan Frysk komôf.[1] Yn 2017 ried se foar de Noarske hurdfytsploech Hitec Products. Fan 2018 ôf oan fytst se foar Parkhotel Valkenburg - Destil, krekt as tusken 2014 en 2016.[2]

Yn maaie 2016 helle Hoeksma twa poadiumplakken yn de einritten fan de Sineeske rittekoersen Omgong fan Chongming en de Tour of Zhoushan Island. Twa dagen nei har 77e plak yn de La Course op de Champs-Élysées yn Parys, wûn hja de Profomgong fan Surhústerfean, nei twa jier twadde west te hawwen.[3] Yn augustus waard se sânde yn de massasprint by de twadde etappe fan de Route de France. Under de sprint fan de tredde etappe foel se lykwols hurd mei in brutsen skouderbonke, fiif brutsen ribben en in klaplong fan gefolgen.[4]

Palmares[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2015

2016

2017

  • 4e yn Spar Flanders Diamond Tour

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ilona Hoeksma, sjoen 14 febr. 2015 op ProCyclingStats
  2. Ilona Hoeksma naar Parkhotel Valkenburg[https://sa24.nl/ilona-hoeksma-rijdt-in-noorse-dienst/ Ilona Hoeksma rijdt in Noorse dienst sa24.nl, 13 april 2017
  3. Ilona Hoeksma wint vrouwenkoers Profronde Surhuisterveen omropfryslan.nl, 26 juli 2017
  4. Zware val Ilona Hoeksma in Route de France wielrennensurhuisterveen.nl, 11 augustus 2016