Iisreus (mytysk wêzen)

In iisreus (Iislânsk: jötunn, mt.: jötnar; Aldnoarsk: jǫtunn, mt.: jǫtnar) is in type mytysk wêzen út 'e Germaanske mytology, yn 't bysûnder de Noardske mytology. Sokke wêzens wurden yn 'e Noardske myten gauris ôfset tsjin 'e goaden, mar ek tsjin oare net-minsklike wêzens, lykas dwergen en elven, ek al slute sokke groepen inoar net alhiel of altyd út. Iisreuzen bewenje ornaris in wrâld dy't los stiet fan it Midgard fan 'e minsken of it Asgard fan 'e goaden, en dy't almeast Jötunheimr neamd wurdt. Iisreuzen komme gauris foar yn 'e Aldnoarske literatuer. Yn Aldingelske wurken is harren oanwêzigens folle seldsumer, mar bygelyks yn it epyske gedicht Beowulf spylje se wol in rol. It gebrûk fan 'e term is dynamysk troch de tiid hinne: wat letter it literêr wurk, wat minder ymposant en wat negativer in iisreus ôfskildere wurdt. Dat hat te krijen mei de opkomst en oanwinnende ynfloed fan it kristendom, wêryn't dizze wêzens as fertsjintwurdigers by útstek fan it heidendom en in gebrek oan beskaving sjoen waarden. Hoewol't de oersetting "iisreus" frij algemien brûkt wurdt, ek yn akademyske teksten, is dy in bytsje misliedend yn 'e sin dat iisreuzen needsaaklikerwize neat grutter hoege te wêzen as minsken of goaden.
Nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it moderne Iislânsk hjit in iisreus in jötunn (útspr.: [ˈjøtyn], likernôch: "jeu-tún"), meartal: jötnar (útspr.: [ˈjøtnar], likernôch: "jeut-nar"). Yn 'e normalisearre wittenskiplike stavering fan it Aldnoarsk is in iisreus in jǫtunn (útspr.: [ˈjɔːtʊn], likernôch: "jô-tûn"), meartal: jǫtnar (útspr.: [ˈjɔːtnar], likernôch: "jôt-nar"). Yn it Aldingelsk (of Angelsaksysk) gie it om in eoten, meartal: eotenas. Dat binne allegearre besibbe wurden, dy't weromgeane op it Proto-Germaanske *etunaz. De Russyske taalkundige Vladimir Orel woe hawwe dat *etunaz fan deselde woartel komt as it Proto-Germaanske *etanan ("ite"), wat der faaks op wize kin dat iisreuzen al fan âlds as minskesliners sjoen waarden. Mar iisreuzen waarden yn it Iislânsk ek wol oantsjut mei oare termen, wêrûnder risi, þurs en troll as it om manlike wêzens gie, en gýgr of tröllkona as se froulik wiene.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Edda's, de wichtichste oerlevere wurken oangeande de Noardske mytology, hawwe iisreuzen yn 'e regel boppenatuerlike krêften dy't fierhinne gelyk binne oan dy fan 'e Asen (Æsir) en Wanen (Vanir) (de beide groepen goaden). Mar se wurde fan dyselden yn negative sin ûnderskaat troch harren skealik aard. Yn runegedichten út Iislân en Noarwegen wurde iisreuzen bgl. identifisearre as de boarne fan rûzjesykjen by froulju. Yn guon lettere sêgen, lykas Bárðar sage Snæfellsáss, hawwe jötnar en risar dúdlik ferskillende betsjuttings, mar yn 'e measte wurken binne dy beide termen synonym, sij it dat jötnar in wat negativere lading hat as risar.
Beskriuwings fan it uterlik fan iisreuzen komme net folle foar, mar fan Ymir, de stamheit fan alle iisreuzen, wurdt sein dat er it lichem fan in man hie. Guon iisreuzinnen wurdt fan sein dat se tsjep binne, lykas Gerðr en de net by namme neamde oarehelte fan Hymir, wylst oaren omskreaun wurde as meunsterlik mei withoefolle hollen. Neigeraden dat it kristendom oan ynfloed wûn, waarden iisreuzen wat langer wat mear demonisearre. Dat betsjutte dat se ôfskildere waarden as minder yntelligint, makliker om mei snoade streken te fluch ôf te wêzen, en meunsterliker fan uterlik.
It ûnderskie tusken iisreuzen en oare mytyske wêzens út 'e Noardske mytology is soms problematysk. Party dwergen, lykas Regin en Fáfnir, wurde ek iisreuzen neamd, wylst yn it Alvissmál fan 'e haadpersoan, de dwerch Alvíss, sein wurdt dat er op in iisreus liket. Hoewol't iisreuzen soms oantsjut wurde as trollen, hat it begryp "trol" yn 'e Noardske mytology in folle bredere semantyske lading as inkeld "iisreus". Ek yndividuën mei ûngebrûklike of boppenatuerlike krêften kinne derûnder beflapt wurde, lykas heksen, krekt as ûngewoan sterke, grutte of lilke minsken, berserkers, spûken en fansels de meunsterlike brêgebewekkers dêr't de term tsjintwurdich yn 'e Westerske kultuer foar it meastepart ta beheind is.

"Reuzen" sûnder reuseftigens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oersetting "iisreus" wurdt frij algemien brûkt foar it Iislânske jötnar en it Aldnoarske jǫtnar, ek yn akademyske teksten. Soms wurdt "iis-" weilitten en wurdt der koartwei fan "reuzen" sprutsen. De Amerikaanske taalkundige John Lindow, bygelyks, docht dat ek, mar leit dêrby wol út dat iisreuzen net needsaaklikerwize reuseftich fan uterlike binne, mar dat se ornaris in gelikense lichemsgrutte hawwe as de goaden. Hy wol hawwe, se kinne it bêste beskôge wurde as godlike wêzens fan in oare stamme of famyljegroep as de goaden, dy't sels ommers ek al fan twa ûnderskate stammen wiene (de Asen en de Wanen).
Bekende iisreuzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ægir, in iisreus assosjearre mei de see, ek wol sjoen as in seegod.
- Fárbauti, de iisreus dy't de god Loki oansette by de goadinne Laufey.
- Fenja en Menja, twa susters dy't de mole Grotti oan 'e gong hâlde om goud en de Frede fan Fróði te produsearjen.
- Gerðr of Gerda: in dochter fan 'e iisreus Gymir en de frou fan 'e god Frey. Ornaris beskôge as in soarte fan ierdgoadinne.
- Grendel: in eoten, dy't yn 'e mande mei syn mem it fersterke langhûs Heorot terrorisearret foar't er deade wurdt troch de held Beowulf.
- Hrungnir, in kampioen fan 'e iisreuzen dy't de god Thor (Tonger) útdaget ta in duël.
- Ymir, de stamheit fan alle iisreuzen.
- Jörð (Jord), mooglik fan oarsprong in iisreuzinne, by wa't de god Óðinn (Odin of Weda) syn soan Thor oansette.*
- Skaði (Skadi), in dochter fan Þjazi en letter de frou fan 'e god Njörðr (Njord). Har domein as goadinne is it skyen en skyrinnen.
- Þjazi, in iisreus dy't ienris de goadinne Iðunn (Iduna) ûntfierde en har apels fan 'e jonkheid stiel. Waard letter deamakke troch de goaden en fan syn eagen waarden stjerren makke.
*) Rudolf Simek skriuwt: "[Jörð is] in Asyske goadinne, ek al wurdt se in iisreuzinne neamd", mar John Lindow hâldt út: "Jörð moat yn 't earstoan in iisreuzinne west hawwe."
Mytologyske oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in kûplet fan Völuspá hin skamma (ûnderdiel fan it gruttere gedicht Hyndluljóð) wurdt neamd dat alle iisreuzen ôfstamje fan Ymir. It Gylfaginning giet dêr fierder op yn. It beskriuwt hoe't Ymir sels spontaan ûntstie yn 'e waarme wetters dy't opkamen yn Ginnungagap (it lege oerferwulft) doe't de ryp fan 'e kâlde ûnderwrâld Niflheim raande troch de hjittens fan 'e fjoerwrâld Múspellsheimr. Hy lei dêr, wei yn 'e sliep, fet mei de molke fan 'e ko Auðumla, doe't er út syn lofterearmholte wei in manlike en in froulike iisreus switte, wylst syn skonken tegearre in soan krigen. Mei-inoar waarden dy trije bern fan Ymir de foarâlden fan alle iisreuzen.
Ymir waard letter deade troch de earste goaden. Dat resultearre yn in oerstreaming mei it bloed fan Ymir, wêrby't alle oare iisreuzen de drinkeldea stoaren, útsein Bergelmir en syn húshâlding, dy't oerlibben troch fuort te silen op of yn in lúðr (de betsjutting fan dat wurd is ferlern gien; it soe in deakiste of widze west hawwe kind, mar ek wat oars). Dizze myte is yn ferbân brocht mei in ynskripsje fan runen op it swurd fan 'e held Beowulf yn it epysk gedicht mei deselde namme, dy't beskriuwt dat de eotenas omkommen binne yn in prehistoaryske oerstreaming. Dat soe betsjutte dat it giet om in myte dy't sawol yn 'e Noardske mytology foarkomt as yn 'e mytology fan 'e Westgermaanske folken. Godstsjinstwittenskippers binne fan tinken dat dit gegeven sels noch âlder is en tebekgiet op 'e bredere Yndo-Jeropeeske mytology. It is mooglik dat it úteinlik op deselde oarsprong weromgiet as de Bibelske Sûndfloed en de myte oer de Ark fan Noäch.
It Gylfaginning wol hawwe, nei't Ymir deade wie, waard fan syn lichem de wrâld makke en de see dy't dêromhinne leit. De goaden joegen de oerlibjende iisreuzen doe lân om har nei wenjen te setten dat oan 'e kust fan dy see lei, sadat de iisreuzen letterlik yn 'e perifery fan 'e Noardske kosmology pleatst waarden. De wynbrauwen fan Ymir waarden neitiid brûkt om 'e minskewrâld Midgard fan te meitsjen, en dy te beskermjen tsjin 'e iisreuzen, mei't hja bekend stiene om harren agresje.

Atrributen en tematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Posysje as bûtensteanders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte ferhalen út 'e Noardske mytology litte in dúdlike skieding blike tusken "dizze wrâld", ferwizend nei de wrâld fan goaden en minsken, en "de oare wrâld", dy't bewenne wurdt troch iisreuzen en wêzens dy't mei harren assosjearre wurde. In gauris weromkearend motyf is it gean op in kweeste nei de wrâld fan 'e iisreuzen om fan harren geheime kennis te winnen. Yn it Eddyske gedicht Hyndluljóð reizget de goadinne Freyja (Freya) nei de iisreuzinne Hyndla ta om it komôf fan har minsklike frijer Ottar útlein te krijen en om it "bier fan oantinken" (Aldnoarsk: minnisǫl) te besetten sadat Ottar dy ynformaasje net wer ferjitte kin. Yn it Eddyske gedicht Vafþrúðnismál reizget Óðinn (Odin) nei de iisreus Vafþrúðnir om mei dyselde in kompetysje yn wiisheid oan te gean. Yn in oare ferhaal reizget er ek nei de iisreuzen ta om fan Suttungr de Mie fan 'e Poëzij te winnen, dy't feardichheid yn dichtsjen jout oan in elk dy't it drinkt. Yn it Völuspá is de völva (wiersizzeresse) dy't de profesije oan Óðinn útbringt sels gjin iisreuzinne, mar wol troch iisreuzen grutbrocht.
De kosmology fan 'e Germaanske mytology befettet, krekt sa't dat it gefal is mei de kosmologyen fan oare mûnlinge kultueren, in protte tsjinstridichheden as it út in naturalistysk perspektyf besjoen wurdt. Nettsjinsteande dat docht him in werheljend stelsel fan motiven foar by reizen nei de iisreuzen.
Yn 'e Proaza-Edda wurdt steld dat de iisreuzen yn Jötunheimr wenje, dat noardlik en eastlik fan Asgard (de wrâld fan 'e goaden) leit, en dat yn it Eddyske gedicht Þrymskviða inkeld troch de loft berikt wurde kin. Mar oare boarnen fermelde dat der ek iisreuzen yn it suden en oarekant de see wenje. Party iisreuzen, ûnder wa Suttungr en Skaði (Skadi) libje yn 'e bergen; dêrfandinne dat de Aldnoarske termen bergrisar ("berchreuzen") en bergbúi ("berchbewenners") yn gedichten ek wol foar iisreuzen brûkt wurde by wize fan kenning (dichterlik synonym). Mar de gebieten dy't troch iisreuzen bewenne wurde, omfetsje ek útstrutsen wâlden, kustkriten en ûndergrûnske plakken. Soms wurdt oan in beskate iisreus as wente in spesifike geografyske lokaasje takend, sa't Ægir op it eilân Læsø yn it Kattegat wenje soe.
Sokke motiven komme ek foar yn it Aldingelske gedicht Beowulf, oangeande it gefjocht tusken de held mei deselde namme en de mem fan Grendel. Dat gefjocht liket neffens letterkundigen sterk op 'e striid tusken de held Grettir en in iisreuzinne yn 'e Iislânske sêge Grettis saga Ásmundarsonar. Beide kearen, bygelyks, moat de held troch it wetter gean om syn froulike fijân te berikken.
De nei't it skynt ûnferienbere lokaasjes fan 'e iisreuzen, dy't yn ûnderskate boarnen neamd wurde, soene neffens in hypoteze opsetlik wêze kinne, om utering te jaan oan harren yntrinsyk gaoatysk aard. Party ûndersikers slane foar dat de wrâld fan 'e iisreuzen berikt wurde kin troch trochgongen dy't op ferskate geografyske lokaasjes útkomme, mar ûnder normale omstannichheden tichtset binne. Dêrby soe it gean om bergen, wetter, tsjuster en de "flakkerjende flamme" dêr't Skírnir, de boadskipper en feint fan 'e god Freyr (Frey), trochhinne moat yn it Skirnismál.
Yn 'e Edda's foarmje de iisreuzen in oanhâldende bedriging foar goaden en minsken, gauris mei in konfrontaasje mei Thor (Tonger) ta gefolch. Neffens sawol it Hárbarðsljóð as it Þrymskviða soene Midgard en Asgard mei gauwens troch de iisreuzen ûnder de foet rûn wêze as Thor der net wie mei syn magyske kriichshammer Mjöllnir om harren it paad ticht te setten. Mar Thor hat ek positive relaasjes mei guon iisreuzinnen, lykas Gríðr en de net by namme neamde frou fan Hymir, dy't him foarsjogge fan magyske foarwerpen en goerie om oare iisreuzen mei te ferslaan.

Foarâlden fan goaden en minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûnderskie tusken goaden en iisreuzen is gjin dúdlike definysje foar, en se moatte sjoen wurde as kommend út ferskillende kultueren ynstee fan dat se ferskillende soarten wêzens binne. Guon goaden, ûnder wa Óðinn (Odin of Weda), Thor (Tonger) en Loki binne eins foar in part ôfstammelingen fan iisreuzen. In gauris foarkommend motyf dat faak de wichtichste ferhaalline fan 'e ferhalen út 'e Edda's foarmet, is it fergese besykjen fan 'e iisreuzen om ien fan 'e goadinnen ta frou te krijen, itsij troch geweld, itsij troch slûchslimmens.
Oarsom kiest de iisreuzinne Skaði (Skadi) derfoar om mei de Wane Njörðr (Njord) te trouwen. Neffens de Ynglinga saga kriget hja letter ek bern mei Óðinn, wêrfan't dan noch wer letter histoaryske hearskers as Håkon Sigurdsson ôfstamme wêze soene (dy't fan 975 oant 995 de facto, hoewol net de jure, kening fan Noarwegen wie). De Wane Freyr (Frey) trout ek mei in iisreuzinne, de tsjeppe Gerðr (Gerda), en tegearre soene se de stamâlden fan 'e Ynglingedynasty fan Sweden en Noarwegen wêze. Óðinn ferliedt ek de iisreuzinnen Gunnlöð en Rindr, en is op in stuit troud mei Jörð (Jord), de mem fan Thor, hoewol't er yn 'e measte myten de Asinne Frigg (Frigga) ta frou hat.
Yn 'e gefallen wêrby't goaden mei iisreuzinnen trouwe, lykje dy lêsten folslein yn 'e goaden op te gean. Yn it Nafnaþulur, in ûnderdiel fan 'e Proaza-Edda, wurde se oantsjut as Ásynjur, froulike Asen. Dat wurdt befêstige troch it neamen fan 'e hillichdommen fan Skaði yn it Lokasenna, in gedicht út 'e Poëtyske Edda, en troch nei har ferwizende toponimen, lykas Skedevi yn Sweden. Dat der plakken nei dizze iisreuzinne ferneamd waarden, bestjut hast mei folsleine wissichheid dat se yn it Noardske heidendom fereare waard as in goadinne.
Bân mei wylde bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet in bân tusken iisreuzen en beskate wylde bisten, yn 't bysûnder wolven en earnen. Neffens de Noardske mytology is in net by namme neamde iisreuzinne dy't yn it wâld Járnviðr wennet de mem fan iisreuzen dy't de foarm fan wolven oannimme kinne. Fan har stamje alle wolven ôf. De Eastenrykske taalkundige en godstsjinstûndersiker Rudolf Simek suggerearre yn syn wurk A Dictionary of Northern Mythology dat dy net by namme neamde iisreuzinne wolris Angboða wêze kinne soe, de iisreuzinne by wa't de god Loki de meunsterlike wolf Fenrir oansette en teffens de reuseftige Germaanske draak Jörmundgandr, dy't yn 'e myten allebeide swarde fijannen fan 'e goaden binne.
Yn Járnviðr wennet ek de iisreus Eggþér, dy't op twa ûnderskate wizen ynterpretearre is: as beskermer fan 'e iisreuzinnen dy't yn deselde bosk tahâlde, of as hoeder fan 'e wolven. Beskate iisreuzinnen, lykas Hyndla en Hyrrokkin sette wolven ek yn as ryddieren, wêrby't Hyrrokkin in slange foar de leien brûkt. Dat gegeven wurdt fierder befêstige yn 'e Aldiislânske skaldyske poëzij, wêryn't foar "wolf" ek wol de kennings "hynder fan Leikn", "hynder fan Gjálp" en "hynder fan Gríðr" brûkt wurde, wylst nei in ridel wolven ferwiisd wurdt as "de grize keppel hynders fan Gríðr". Wolveberidende iisreuzinnen wurde ek wol myrkriður ("nachtruters") of kveldriður ("skimerruters") neamd.
Fan Hræsvelgr wurdt yn it Vafþrúdnismál en it Gylfaginning sein dat er in iisreus yn arnarhamr ("de momkape fan in earn") is, dy't mei it slaan fan syn wjukken de wyn skept. Oare iisreuzen, lykas Þjazi en Suttungr, binne by steat om harsels yn in earn te feroarjen, en wer oaren hawwe beskate attributen fan earnen of dy't op earnen lykje. Sa wurdt fan 'e iisreuzinne Gríðr yn Illuga saga Gríðarfóstra sein dat se hannen as earnekloeren hat.
Post-kristlike demonisearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn letter materiaal, dat yn it iere kristlike tiidrek oer de Noardske mytology produsearre is, lykas de legindaryske sêgen, wurde iisreuzen gauris ôfskildere as ûnbeskaafd en kannibalistysk. Yn 'e sêgen Bárðar saga Snæfellsáss en Hálfdanar saga Brönufóstra ite se net allinnich minskefleis, mar ek hynstefleis, in praktyk dy't yn 'e Midsiuwen direkt yn ferbân brocht waard mei it heidendom. Dizze post-kristlike tradysje om iisreuzen te assosjearjen mei heidenske eleminten komt ek werom yn it Aldingelske gedicht Beowulf, wêryn't fan 'e minskeslinende iisreus Grendel sein wurdt dat er in "heidenske siel" hat. Yn beskate lettere boarnen, lykas Orms þáttr Stórólfssonar, wurde iisreuzinnen eksplisyt omskreaun as heidinnen, wêrby't harren godstsjinst tsjinkeart dat se in romantyske relaasje mei de held krije. Yn 'e legindaryske sêge Þorsteins þáttr bæjarmagns moat in iisreuzinne earst doopt wurde, ear't se mei de held trouwe kin.

Moderne folkloare
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Termen foar reuzen dy't ôflaat binne fan it Aldnoarske jǫtunn komme foar yn 'e folkloare fan ferskate lannen en territoaria yn noardlike Jeropa. Foarbylden binne it Deenske wurd jætte, it Sweedske jätte, it Finske jätti en it Ingelske ettin of yotun. Skaaimerken fan iisreuzen binne yn 'e folkloare fan 'e Germaanske folken faak oergien op reuzen, lykas dat se minsken sline soene. Krekt as de iisreuzen libje ek dizze reuzen bûten minsklike mienskippen, yn ôfhandige wâlden en berchtmen. Faak hawwe se in ôfkear fan it kristendom of it kloklet fan tsjerkklokken. Der besteane faak ek oerienkomsten op it mêd fan it motyf; sa komt de Aldnoarske myte oer de iisreus Svaðilfari, dy't in weddenskip mei de goaden ferlear en doe in ferdigeningsmuorre om Asgard hinne bouwe moast, werom yn it Sweedske folksferhaal oer de reus Jätten Finn, dy't nei it ferliezen fan in weddenskip de Katedraal fan Lund boud hawwe soe.
Beskate rjochtopsteande stiennen yn noardlik Jeropa wurde ferklearre as ferstienne reuzen, lykas de Yetnasteen yn 'e Orkney-eilannen, wêrfan't de namme in ferbastering is fan it Aldnoarske Jǫtnasteinn ("Iisreuzestien"). Neffens de Orkadyske folkloare soe dy stien eltse âldjiersjûn om midsnacht wer yn in reus feroarje, dy't dan nei de Loch fan Scockness rint om syn toarst te dwêstgjen. De Orkadyske folkloare ferklearret ek de Ring fan Brodgar, in ring fan steande stiennen út 'e prehistoarje, as dûnsjende reuzen dy't troch de opkommende sinne yn stien feroare binne. Datselde motyf komt ek foar yn it Helgakviða Hjörvarðssonar, in gedicht út 'e Poëtyske Edda, wêryn't de iisreuzinne Hrímgerðr in senna (rituele útwikseling fan misledigings) hâldt mei de held Helgi Hundingsbane, oant de sinne opkomt en har yn stien feroaret.
De Orkadyske tradysje fan Gyro Night hat ek Aldnoarske woartels. De namme komt fan it wurd gýgr, foar "iisreuzinne". It falt op in jûn yn febrewaris, wêrby't in pear âldere jonges har ferklaaie as maskere âlde wiven, dy't jongere jonges neisitte mei touwen. Fan gelikense aard is de wizânsje op 'e Sjetlâneilannen en de Fêreu-eilannen om jin te ferklaaien yn kostúms makke fan pelzen, fersliten kleden, seewier en strie, soms mei in masker der noch op ta. De wêzens dy't sa ûntsteane, wurde grýla (mt.: grýlur) neamd of oare oanbesibbe termen. De oarspronklik Grýla wie in iisreuzinne dy't beskreaun wurdt yn 'e Sturlunga saga, en dy't fyftjin sturten hawwe soe. Hja wurdt ek as iisreuzinne opneamd yn 'e Nafnaþulur-seksje fan 'e Proaza-Edda.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
