Springe nei ynhâld

Iishinnen

Ut Wikipedy
Iishinnen
gielsnaffeliishin
gielsnaffeliishin
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje:iishinfûgels (Chionidae)
skaai:iishinnen (Chionis)
Hartlaub, 1841

Iishinnen (Chionis) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje iishinfûgels (Chionididae) út it skift wilstereftigen. Se komme allinnich foar yn it Antarktysk gebiet en de subantarktyske eilannen. It skaai bestiet út twa soarten, dy't beide likernôch like grut binne mar harren ûnderskiede troch de kleur fan 'e snaffels en it ferspriedingsgebiet.

Iishinnen binne goed oan kjeld oanpast en ha in stevich en kompakte liif, sadat waarmteferlies minimalisearre wurdt. De poaten binne foar fûgels fan dizze grutte ûngewoan sterk. It ferskil tusken mantsjes en wyfkes is dat de mantsjes trochstrings 15% swierder en wat grutter binne as wyfkes en wat gruttere snaffels ha. Se wurde 34 oant 41 sintimeter lang en ha in wjukspanwiidte fan maksimaal 74 sm.

Swartsnaffeliishinnen op 'e Crozeteilannen.

De soarten fan it skaai ha in foarse konyske snaffel mei by de basis fan 'e snaffel bleate hûd oant efter de eagen en in wrateftige struktuer. Om it each is in dikke eachring. By jonge fûgels is de bleate hûd net bot ûntwikkele en dêrom kin op basis dêrfan de âldens fan 'e fûgel derterminearre wurde.

It fearrekleed fan 'e soarten is suver wyt mei dêrûnder in tige tichte laach griis dûns.

Iishinnen libje oan 'e kuststripen fan it Antarktysk Skiereilân fan 'e noardlike punt oant Grahamlân yn it suden en op subantarktyske eilannen fan 'e Súd-Sjetlâneilannen oant Súd-Georgje en de Súd-Sandwicheilannen en tusken de Prins Edwardeilannen en it eilân Heard. Yn Súd-Amearika libje se oan 'e kust fan Tierra del Fuego en de eastkust fan it fêstelân oant noardlik Patagoanje. Se binne meast te finen mei oare fûgels of bisten dy't yn koloanjes libje, fral pinguïns en seehûnen. Se libje op rotseftige kustgebieten en op 'e subantarktyske eilannen en it Súd-Amerikaanske fêstelân ek op greidlân, strûklân en sompige gebieten by de kust.

It skaai telt twa soarten:

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus/
Trend
Chionis albusbûntsnaffeliishinAntarktika, Scotiarêch, Súdlike Orkneyeilannen, Súd-Georgje net bedrige
stabyl[1]
Chionis minorswartsnaffeliishinPrins Edwardeilannen, Crozeteilannen, Kerguelen, Heard en de McDonaldeilannennet bedrige
[2]
Iishin mei keningspinguïns

It skarreljen fan iishinnen docht tinken oan gewoane hinnen; se rinne meast stadich mei de koppen wat nei ûnder, mar kinne op lytse ôfstannen ek hurd rinne. Iishinnen binne kleptoparasiten en iesfretters en tige ôfhinklik fan oare bisten of fûgels yn har omkriten. As fûgels harren jongen fuorje lizze iishinnen op 'e loer om it fretten út de bek te stellen as de gelegenheid dêr is. Se binne net sinnich en skarrelje ek faak by jiskefetten fan ûndersyksstasjons om. Fanwegen de ynvertebraten dy't yn kelp sitte, konsumearje de fûgels grutte hoemannichten fan dy algen dy't se oan 'e wetterkant fine, benammen bûten it briedseizoen. Ek snippe se wol aaien of krekt útkommen jongen fan oare fûgelsoarten. Se bringe graach in besite oan 'e seehûnkoloanjes as de jonge seehûnen berne wurde en der neikream is om op te fretten. Ek frette se fan 'e trochgong fan pinguïngs om't dy noch in hoemannichte fiedingsstoffen befettet. Se bliuwe yn 'e regel by de kust en minder faak weagje se har hûnderten meters it lân yn om dêr iten te sykjen yn wiete gebieten. Dêr lûke de fûgels lytse plantsjes út 'e grûn om bistjes te sykjen yn 'e woartels.

Yn 'e regel wurde iishinnen yn 'e âldens fan trije oant fjouwer jier geslachtsryp. It perzintaazje net-briedjende fûgels is relatyf heech en fluktuearret tusken 30 en 40 prosint. Se binne meast monogaam en pearkes briede alle jierren tegearre. As se net byinoar bliuwe komt dat om't it brieden net suksesfol wie.

Bûntsnaffeliishin op it nês.

It brieden is meastentiids nau ferbûn mei de reproduktive syklus fan 'e seefûgelkoloanjes. Pearkes ferdigenje faak al yn novimber in briedterritoarium, dat in part fan in seefûgelkoloanje omfiemet en fûl ferdigene wurdt, benammen troch de mantsjes mar ek troch de wyfkes. In territoarium hâldt rekken mei de grutte fan 'e koloanje seefûgels. De proaien fan lytsere soarten binne makliker te stellen en dus is der dan in minder grut part fan 'e koloanje nedich as in koloanje fan gruttere fûgels.

It nêst is in ienfâldige holte fan gers, moas, seewier en fearren. Se ha de foarkar foar in nêst by in pinguïnkoloanje, sadat se profitearje kinne fan it ferdigening fan pinguins tsjin predatoaren. In lechsel bestiet meast út trije aaien. De jongen komme healwei oant ein jannewaris út nei in ynkubaasjetiid fan 28 oant 32 dagen, koart nei't de mearderheid fan 'e seefûgels yn 'e koloanje útkommen binne. Tusken 60 en 85 prosint fan 'e aaien wurde mei súkses útbret. Mei't der ferskate dagen tusken it lizzen fan aaien sitte, komme de jongen mei fersprate yntervallen út. Dat betsjut dat it earste útkommen jong de bêste kânsen hat om te oerlibjen as iten krap is. Sawat 30 dagen nei it útkommen ferlitte de jongen it nêst om de omjouwing te ferkennen. De jongen hawwe tichte, brune dûnsfearren, dat nei ien oant twa wiken ferfongen wurde troch griis dûns. Nei 50 dagen ha se de wite fearren fan in folwoeksen fûgel.

Bûten de briedtiid libje iishinnen yn groepen oant 50 fûgels. Se foerazjearje mienskiplik en sliepe ticht op inoar. De fûgels kinne goed fleane oant wol hûnderten kilometer efterinoar.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: