Springe nei ynhâld

Iezing

Ut Wikipedy
In iezing fisken.

In iezing, ek: ies, iezem, jacht of (it) skot,[1] is in groep fisken fan deselde soarte, dy't ticht opinoar swimme. It swimmen yn iezings is net inkeld in foarm fan sosjaal hâlden en dragen, mar hat foar fisken ek as foardiel dat se minder kwetsber binne foar de oanfallen fan rôfdieren.

De ûnderskate fisken fan in iezing lykje faak har bewegings mei-inoar te koördinearjen, mei't iezings hiel hommels fan swimrjochting en faasje feroarje kinne as dêr reden ta is (lykas de oanwêzigens fan rôfdieren). Mar yn wurklikheid is dat mar skyn. Eltse fisk fan 'e iezing besiket inkeld in fêste ôfstân te behâlden yn ferhâlding ta de fisken om him hinne. Dat betsjut dat eltse fisk de bewegings fan 'e fisken om him hinne folget. Hy is him der net bewust fan wêr't er sels is, lit stean dat er in idee hat fan 'e algehiele struktuer fan 'e iezing.

In skaaimerk fan iezings is dat se gjin lieders hawwe. Eltse fisk besiket oer it algemien safolle mooglik it binnenste fan 'e iezing op te sykjen, mei't dat it feilichste plak is. De fisken oan 'e rânen fan 'e groep rinne it measte gefaar om troch in rôfdier pakt en ferslynd te wurden. Mar de mienskiplike bewegings fan safolle fisken mei-inoar, dy't der allegearre itselde útsjogge, soarget der ek op himsels al foar dat rôfdieren har mar dreech op ien yndividu talizze kinne.

Behalven beskerming tsjin predaasje biede iezings foar fisken ek mear súkses by it eigen foerazjearjen en in gruttere (of alteast ienfâldigere) kâns om in pearingspartner te finen. Ichtyologen tinke dat fisken fierders ek baat ûnderfine fan it fuortsterke hydrodynamyske effekt fan in iezing. Dat wol sizze dat eltse fisk yn in iezing nei gedachten minder enerzjy ferbrûkt by it swimmen as dat er dien as er allinnich omswom.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 639.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.