Springe nei ynhâld

Ierdappeleftigen

Ut Wikipedy
ierdappeleftigen
Trijekleurige foarnblei (Convolvulus tricolor).
Trijekleurige foarnblei (Convolvulus tricolor).
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): lamiïden
skift: ierdappeleftigen (Solanales)
Juss. ex Bercht. & J.Presl, 1820

De ierdappeleftigen (wittenskiplike namme: Solanales) binne in skift fan 'e planten dêr't û.o. de ierdappelplant ta heart. Solanales is in botanyske namme, foar it skift fan ‘nije’ twasiedblêdige planten: de namme is foarme út de famyljenamme Solanaceae. In skift ûnder dy namme wurdt de lêste desennia algemiend erkend troch systemen foar plantetaksonomy.

Yn it APG-systeem (1998) en it APG II-systeem (2003) bestiet de groep út de folgjende famyljes:

Yn it Cronquist-systeem (1981), dêr’t it skift pleatst wie yn de ûnderklasse Asteridae, wie de gearstalling hiel oars:

NB: de planten dy’t by Cronquist de famylje Cuscutaceae foarmen binne by APG ynfoege yn de famylje Convolvulaceae, wylst de planten dy’t by Cronquist de famyljes Duckeodendraceae en Nolanaceae foarmen by APG ynfoege binne yn de familylje Solanaceae.

De planten dy’t by APG de famylje Hydroleaceae foarmen wiene ek by Cronquist yn it skift oanwêzich, as diel fan de famylje Hydrophyllaceae.

Yn it Wettsteinsysteem (1935) waardeh dizze planten yn it grutte skift ‘'Tubiflorae set.