It iepenloftmuseum is oprjochte yn 1959 as Stichting Landbouwkundig, Oudheidkundig, Kunstminnend Museum Het Hoogeland. De namme fan it museum is in ferwizing nei it Hegelân, it Noard-Grinslanner seeklaaigebiet dêr't Warffum yn leit. Troch de iuwen hinne spile de lânbou yn dizze regio in wichtige rol. It museum jout in byld fan de skiednis fan in Grinzer plattelânsdoarp oant 1920. Ek jout it museum omtinken oan tema's as âlde ambachten, middenstân, fersoarging en ûnderwiis. De measte gebouwen fan it iepenloftmuseum, dat diel útmakket fan de doarpskearn fan Warffum, steane op it plak dêr't se oarspronklik boud waarden. Yn de rin fan de jierren is Het Hoogeland útwreide mei gebouwen dy't ôfkomstich binne fan lokaasjes yn de omlizzende regio.