Springe nei ynhâld

Iepenloftmuseum

Ut Wikipedy
It Damshûs Nij Beets

In iepenloftmuseum is in museale útstalling op in bûtenterrein dêr't in kolleksje fan karakteristike of bysûndere opstallen lykas wenhuzen, pleatsen, yndustrygebouwen, of grutte foarwerpen as skippen, ûnderhâlden wurde sadat dy troch in breed publyk besjoen wurde kinne. It kin gean om in orizjineel gebou op it orizjinele plak, in orizjinele opstâl dy't fan earne oars ferpleatst is, of om autentike replika. It konsept fan it iepenloftmuseum komt út Skandinavië. Sa iepene yn 1881 yn it Noarske Oslo de kolleksje fan Kening Oscar fan Sweden en Noarwegen, op it bûten fan syn simmerpaleis.

Fryslân hat trije iepenloftmusea De Spitkeet op De Harkema en It Damshûs yn Nij Beets ek Museum 't Fiskershúske yn Moddergat wurd ta de Iepenloftmuseums rekkene.

It bekendste iepenloftmuseum fan Nederlân is it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim, dêr't huzen, pleatsen, fabriken en mûnen út it hiele lân te sjen binne, lykas in arbeiderswenning út Damwâld, in tsjasker út Wâlterswâld, in kop-hals-romppleats út Mullum en it molkfabryk Freya út Feanwâlden.

List fan hjoeddeiske iepenloftmusea yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Iepenloftmusea yn Fryslân
Museum Plak Gemeente Iepene Opm.
De Spitkeet De Harkema Achtkarspelen 1980
It Damshûs Nij Beets Opsterlân 1958
't Fiskershúske Moddergat Noardeast-Fryslân 1962
Iepenloftmusea yn Nederlân
Museum Plak Provinsje Iepene Opm.
Achterhoeksk Iepenloftmuseum Lievelde Gelderlân 1936 Better bekend as Erve Kots.
Archeon Alfen oan de Ryn Súd-Hollân 1994 Yn 1994 iepene as belibbingspark sûnt 2015 is it in iepenloftmuseum.
Aviodrome Lelystêd Flevolân 1960
Bourtange Bourtange Grinslân 1960 Fêsting
Boerenbondsmuseum Pandelaar Noard-Brabân 1985
De Locht Melderslo Limburch 1990
De Lebbenbrugge Borculo Gelderlân 1934
Eynderhoof Nederweert-Eind Limburch 1990
Ellert en Brammert Schoonoord Drinte 1954
Het Hoogeland Warffum Grinslân 1959
Kaap Skil Aldeskyld Noard-Hollân 1981 Oant 2012 hjitte it museum: Maritiem en Jutters Museum.
Nederlânsk Iepenloftmuseum Arnhim Gelderlân 1918
Orientalis Heilig Landstichting Gelderlân 1911
Museum Oud-Oosterhout Oosterhout Noard-Brabân ± 1990
Iepenloftmuseum Ootmarsum Ootmarsum Oerisel 1964 Better bekend as Iepenloftmuseum Los Hoes.
Orvelte Orvelte Drinte 1968 Museumdoarp
preHistorisch Dorp Eindhoven Noard-Brabân 1982 Sûnt 2012 ûnderdiel fan Eindhoven Museum.
Suderseemuseum Inkhuzen Noard-Hollân 1950 Bestiet út in iepenloftmuseum en in binnenmuseum.
Saanske Skâns Saandam Noard-Hollân 1976 It wie ynearsten opset om dêr te wenjen.
Feanpark Barger-Compascuum Drinte 1966
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL