Springe nei ynhâld

Iepen plak (bosk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iepen plak (wâld))
In iepen plak yn in spjirrewâld.

In iepen plak is in stik lân midden yn in bosk of wâld dêr't gjin of mar amper beammen groeie of dêr't de beammen omfallen binne. It kin wêze dat op sa'n plak hielendal neat groeit, mar faker giet it om in mei gers begroeide greide ûnder it blêdetek fan leafbeammen of omjûn troch nullebeammen.

Iepen plakken komme fan natuere foar, bygelyks as by in stoarm in grutte beam omwaait dy't ferskate oaren yn syn fal meiskuort nei de grûn. Ek lawines en boskbrannen kinne iepen plakken kreëarje. Sokke iepen plakken groeie nei ferrin fan tiid wer ticht mei beammen, hoewol't dat in stadich proses is dêr't maklik fyftich jier oerhinne gean kin. Mar der binne ek permaninte iepen plakken, dy't feroarsake wurden troch bygelyks ûnfruchtbere grûn of in rotsige ûndergrûn. Keunstmjittige iepen plakken ûntsteane troch minsklik yngripen, bygelyks yn bosken dy't brûkt wurde foar houtkap.

Iepen plakken binne fan grut ekologysk belang. Gruttere boskbewenjende herbivoaren, lykas yn Nederlân it reahart (Cervus elaphus) of de ree (Capreolus capreolus) kinne der weidzje sûnder dat se har bûten de feiligens fan 'e bosk hoege te bejaan. Iepen plakken drage ek by oan in sûne fegetaasjestruktuer. Op sokke plakken kinne ljochtminnende planten groeie, wat it bioferskaat te'n goede komt.

Modern boskbehear is derop rjochte om iepen plakken op natuerlike wize ûntstean te litten, bygelyks troch beammen sa âld wurde te litten dat se út harsels deageane en omfalle. Tsjintwurdich wurde ek hieltyd faker mei sin iepen plakken slein yn âlde monokultueren, lykas bûkebosken. Dêrtroch komme der wer ferskillende lagen yn 'e oanwêzige fegetaasje, en teffens krije sa oare soarten beammen en strûken de kâns om har te ûntwikkeljen, mei as resultaat in gruttere fariaasje fan planten, in grutter bioferskaat en in natuerlikere bosk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.