Springe nei ynhâld

Ielguozzen

Ut Wikipedy
Ielguozzen
ielgoes (Phalacrocorax carbo)
ielgoes (Phalacrocorax carbo)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:ginteftigen (Suliformes)
famylje:ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae)
skaai:ielguozzen (Phalacrocorax)
Brisson, 1760

It fûgelskaai fan 'e ielguozzen (Phalacrocorax) heart ta de famylje fan 'e ielgoesfûgels. It skaai bestiet hjoed-de-dei út alve libbene soarten dy't oer de hiele wrâld oantroffen wurde. De typesoarte is de gewoane ielgoes (Phalacrocorax carbo).

Skaaimerken en leefwize

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ielguozzen binne middelgrutte oant grutte wetterfûgels mei in sterke, heakfoarmige snaffel dy't geskikt is foar it fangen fan fisk. Harren fearrekleed is oer it algemien donker, faak mei in glâns, mar guon soarten hawwe opfallende wite of kleurige aksinten yn 'e briedtiid.

In opfallend skaaimerk fan ielguozzen is dat har fearren net folslein wetterticht binne. Hja steane nei in dûk faak mei harren wjukken iepen om se te drûchjen. De poaten sitte hielendal efteroan it lichem, wat tige gaadlik is by it dûken, mar op it fêstelân binne se wat knoffelich. Se briede ornaris yn grutte koloanjes op rotsige kusten, eilannen of yn beammen by wetterrike gebieten. It biotoop bestiet út marren en rivieren en of kusten.

It skaai waard yn 1760 yntrodusearre troch de Frânske biolooch en ornitolooch Mathurin Jacques Brisson. Der hawwe noch alris feroaringen west yn it skaai en ferskillende soarten binne nei DNA-ûndersyk yn oare skaaien ûnderbrocht (lykas Microcarbo en Leucocarbo).

Yn in soad boarnen wurdt de wytboarstielgoes noch as in selsstannige soarte behannele. Ut genetysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de wytboarstielgoes in ûndersoarte is fan 'e gewoane ielgoes. It skaai omfiemet dêrom no alve soarten, mar de wytboarstielgoes is wol yn ûndersteande tabel opnommen.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingIUCN-status
Arabyske ielgoesPhalacrocorax nigrogularisPerzyske Golf en it Arabysk Skiereilân[1]
Benguëla-ielgoesPhalacrocorax neglectusKusten fan Namybje en Súd-Afrika[2]
bûnte ielgoesPhalacrocorax variusAustraalje, Nij-Seelân en Yndoneezje[3]
Pittielgoes (of Featherstonielgoes)Phalacrocorax featherstoniChatham-eilannen (Nij-Seelân)[4]
ielgoesPhalacrocorax carboJeraazje, Afrika, Austraalje en Nij-Seelân[5]
Japanske ielgoesPhalacrocorax capillatusEast-Aazje (Sina, Korea, Japan, Rûkû-eilannen)[6]
Yndyske ielgoesPhalacrocorax fuscicollisYndysk subkontinint en Súdeast-Aazje[7]
Kaapske ielgoesPhalacrocorax capensisSúdwestlik en súdlik Afrika[8]
Nijseelânske ielgoes (spikkelige ielgoes)Phalacrocorax punctatusNij-Seelân (endemysk)[9]
swarte ielgoesPhalacrocorax sulcirostrisAustralaasje en dielen fan Súdeast-Aazje[10]
SwartmaskerielgoesPhalacrocorax fuscescensSúdlik Austraalje en Tasmaanje[11]
wytboarstielgoesPhalacrocorax carbo lucidusAfrika besuden de Sahara[12]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: