Ideaaloanspraak
De ideaaloanspraak, evenredich oanpart of proporsjoneel oandiel, jout yn de polityk oan hoefolle sitten in entiteit takomme soe by in strikt evenredige ferdieling fan stimmen, wêrby’t ek fraksjes fan sitten meirekkene wurde.[1]
Yn it Dútske taalgebiet foarmet it konsept Idealanspruch it útgongspunt by it berekkenjen fan sitten by ferkiezings mei evenredige fertsjintwurdiging.[2] Ynternasjonaal wurdt it konsept yn it Ingelsk oerset as ideal share.[3] Binnen it Nederlânsktalige debat bestiet der oant no ta gjin algemien ynboargere ekwifalint.[4]
Yn ekonomy, filosofy en sosjale karteory ferwiist it nei de totale wearde fan guod, boarnen of aktiva dêr't in persoan of groep rjocht op hat of in oanspraak op makket. It is de wearde fan items dy't in entiteit ideaal fertsjinje of ûntfange soe.
Earlike ferdieling fan sitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Partijen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn parlemintêre demokrasyen mei proporsjonele fertsjintwurdiging hat elke politike partij rjocht op sitten yn ferhâlding ta it oantal stimmen dat it krigen hat. Dit probleem, wat ûntstiet as identike, ûndielbere items (sitten) ferdield wurde ûnder entiteiten, wurdt ek wol de sitferdieling neamd.[5]
Formule
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bygelyks, yn evenredige fertsjintwurdiging basearre op in partijlistsysteem, is it evenredige sitoandiel fan in politike partij gelyk oan har stimmenoandiel fermannichfâldige mei it oantal beskikbere sitten. It ideale oantal sitten dat in partij krije soe is dêrom:
As der 5 beskikbere sitten binne yn in gebiet mei 300 kiezers, en in partij krijt 106 stimmen, dan is it proporsjonele oandiel foar dy partij likernôch 1,77. Derneist kin deselde wearde krigen wurde troch it oantal stimmen foar in partij te dielen troch de kiesdieler.
Ofrûning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In proporsjoneel oandiel fan 1,77 moat fansels noch wol ôfrûne wurde om't ûndielber binne. Neffens de standertôfruning sil dit ornaris 2 wurde. De kwotumrigel seit dat de ôfrûning inkeld nei boppe of nei ûnderen ta plakfine moat. Dit resultearret yn in totaal fan 1 of 2 sitten. Wannear't in partij of regio mear of minder kriit as dat, wurdt de kwotumrigel skeind. Hjirmei komt de proporsjonaliteit fan 'e ferkiezingsútslach ûnder druk te stean om't oare partijen of regio's dan automatysk te min of folle sitten tawezen krije.
Effektive stimmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kiesdrompel spilet in wichtige rol by it berekkenjen fan de sitferdieling. Ofhinklik fan de brûkte metoade wurdt bepaald oft stimmen foar partijen dy't de drompel net helje, wol of net meiteld wurde.
Praktysk foarbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Twadde Keamerferkiezings fan 2023 berikten 15 partijen de kiesdrompel. Dit resultearre yn in totaal fan 195.254 fergriemde stimmen. De ûndersteande tabel jout in oersjoch fan dizze ferdieling en de gefolgen foar it ideale oanpart fan 'e partijen dy't de kiesdrompel wol helle hawwe. De 2,81 sitten foar de "oare partijen" wurde sa proporsjoneel mooglik werferdield ûnder de oerbleaune tawizingsgerjochtigde stimmen.[1]
| Partij | Oantal stimmen | I.O. mei alle stimmen | I.O. mei effektive stimmen |
|---|---|---|---|
| PVV | 2.450.878 | 35,24 | 35,91 |
| GL-PvdA | 1.643.073 | 23,62 | 24,07 |
| VVD | 1.589.519 | 22,85 | 23,29 |
| NSC | 1.343.287 | 19,31 | 19,68 |
| D66 | 656.292 | 9,44 | 9,62 |
| BBB | 485.551 | 6,98 | 7,11 |
| CDA | 345.822 | 4,97 | 5,07 |
| SP | 328.225 | 4,72 | 4,81 |
| DENK | 246.765 | 3,55 | 3,62 |
| PvdD | 235.148 | 3,38 | 3,45 |
| FVD | 232.963 | 3,35 | 3,41 |
| SGP | 217.270 | 3,12 | 3,18 |
| CU | 212.532 | 3,06 | 3,11 |
| Volt | 178.802 | 2,57 | 2,62 |
| JA21 | 71.345 | 1,03 | 1,05 |
| Oaren | 195.254 | 2,81 | - |
| Som | 10.432.726 | 150 | 150 |
Degressive evenredigens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in distriktstelsel hat elk kiesdistrikt rjocht op sitten yn ferhâlding ta syn befolking. Yn it Nederlânske kieskringestelsel is dit basearre op it oantal stimmen. Dit kin derta liede dat lytse regio's (lykas Karibysk Nederlân) hielendal gjin stim hawwe. Dêrom wurdt somtiden degressive evenredigens brûkt. Dit is it gefal yn 'e Jeropeeske Uny of de Feriene Steaten. Dit betsjut dat it stimrjocht net mear evenredich is oan de grutte fan 'e regio's, mar it garandearret wol dat elk lân of steat goed fertsjintwurdige is. Twa foarbylden út 'e EU binne Malta en Lúksemboarch, dy't lytser of like grut as Fryslân binne, mar 6 eigen fertsjintwurdigers krije. Nederlân en België krije bygelyks ek mear sitten as har evenredige oanpart.
Ferwizings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 2 (dú) Schneider, Andreas, Idealansprüche der Parteien. www.wahlrecht.de (11 jannewaris 2004). Oproppen op 2026-05-052026-05-05.
- ↑ (dú) Schneider, Andreas, Stimmenverrechnung anschaulich. www.wahlrecht.de (15 maaie 2004). Oproppen op 2026-05-052026-05-05.
- ↑ Schuster, Karsten, Pukelsheim, Friedrich, Drton, Mathias, Draper, Norman R. (1 desimber 2003). Seat biases of apportionment methods for proportional representation. Electoral Studies 22 (4): 651–676. ISSN:0261-3794. DOI:10.1016/S0261-3794(02)00027-6.
- ↑ (ned) Groen, Klaas, Waarom discussies over zetelverdeling vaak langs elkaar heen gaan. Medium (5 maaie 2026). Oproppen op 2026-05-052026-05-05.
- ↑ Pukelsheim, Friedrich (2000). Mandatszuteilungen bei Verhältniswahlen: Idealansprüche der Parteien. Zeitschrift für Politik 47 (3): 239–273. ISSN:0044-3360