Ida Kleijnen
Ida Kleijnen (troud as Ida van den Hurk[1]) (Schin op Geul, 17 maart 1936 - Lanaken, 15 jannewaris 2019) wie in Nederlânske restauranthâlder, en de twadde frou yn Nederlânk dy't in Michelinstjer krige[2].
Yn 1959 gie Kleijnen mei har oarehelte nei Kanada ta, mar nei in jier kamen se al wer werom yn Nederlân. Dêr bouden se in pensjon, dêr't Kleijnen yn de keuken stie. It pensjon waard yn 1979 in hotel mei restaurant, De Lindenhorst yn Valkenburg. Yn 1983 begûn Kleijnen mei in staazje by De Hoefslag, in restaurant mei twa stjerren. Yn dy perioade fertsjinne se sels ek in stjer, dy't se alve jier behâlde soe. Yn 1994 droech Kleijnen it restaurant oer oan har soan.
Yn 1992 joech Kleijnen har eigen itensiedersboek út, Ida's keukengeheimen[3].
Op 15 jannewaris 2019 ferstoar se mei 82 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|