Ice Station Zebra (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ice Station Zebra
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Ice Station Zebra film logo.png
makkers
regisseur John Sturges
produsint James C. Pratt
Martin Ransohoff
John Calley
senario Douglas Heyes
Harry Julian Fink
W.R. Burnett
basearre op de roman fan Alistair MacLean
kamerarezjy Daniel L. Fapp
muzyk Michel Legrand
filmstudio Filmways
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Rock Hudson
Ernest Borgnine
Patrick McGoohan
byrollen Jim Brown
Tony Bill
Gerald S. O'Loughlin
Ted Hartley
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 23 oktober 1968
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk (ek wat Russysk)
spyltiid 148 minuten
budget en resultaten
budget $10 miljoen
opbringst $15,7 miljoen

Ice Station Zebra is in Amerikaanske spionaazjeskrillerfilm út 1968 ûnder rezjy fan John Sturges, mei yn 'e haadrollen Rock Hudson, Ernest Borgnine en Patrick McGoohan. De titel betsjut "Iisstasjon Sebra". It ferhaal is loskes basearre op 'e roman mei deselde namme fan Alistair MacLean, en folget in dûkboat fan 'e Amerikaanske Marine dy't op in rêdingsmisje yn it Noardpoalgebiet stjoerd wurdt. Yn dizze tiid fan Kâlde Oarloch docht lykwols bliken dat neat mei dy misje is wat it liket. Fan 'e filmkritisy krige Ice Station Zebra mingde resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film lykwols in beskieden kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In satellyt kringt de atmosfear fan 'e Ierde wer yn en smyt in kapsule út, dy't oan in parasjute delkomt yn it Noarpoalgebiet. Op it iis komt immen op it beaken fan 'e kapsule ôf, wylst in twadde persoan temûk fan deunby tasjocht.

Kaptein-luitenant-op-see James Ferraday, de gesachfierder fan 'e dûkboat de USS Tigerfish fan 'e Amerikaanske Marine, kriget fan admiraal Garvey opdracht om út syn thúshaven yn it Skotske Holy Loch wei nei it Noardpoalgebiet te farren. Dêr moat er ûnder de iiskape troch dûke en it personiel rêde fan in Britsk waarstasjon, Iisstasjon Sebra, dêr't nei't it skynt brân útbrutsen is. De rêdingsmisje is lykwols mar in dekmantel foar de wurklike misje fan 'e dûkboat. Dat is om in Britske geheim agint, dy't himsels 'David Jones' neame lit, nei Iisstasjon Sebra te bringen. Wêrom krekt, dat is in kwestje fan 'ferlet hawwen fan dy kennis', en syn superieuren hawwe kedize dat Ferraday dêr gjin ferlet fan hat.

Ear't de USS Tigerfish ôfset, komme Jones en in peloton Amerikaanske mariniers oan board. Underweis wurde mei in helikopter nochris twa passazjiers ôflevere: kaptein Leslie Anders, in tige strange mariniersofsier dy't it befel oer it peloton oernimt fan luitenant Russell Walker, en Boris Vaslov, in Russyske oerrinner út 'e Sovjet-Uny, dy't no foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6 wurket.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De dûkboat bejout him ûnder de iiskape en besiket by de lokaasje fan Iisstasjon Sebra mei syn útsjochtoer troch it iis te brekken. As dat net slagget, fettet Ferraday it plan op om in torpedo op 'e iislaach ôf te sjitten om dertrochhinne te brekken. As de torpedobuis fan binnen iepene wurdt, docht lykwols bliken dat er fan bûten ek noch iepen stiet, eat dat net heart te kinnen. It seewetter spielt de dûkboat binnen, dy't troch de hommelse ekstra ballêst mei de noas omleech sakket. Koart foar't de djipte berikt wurdt dêr't it skip troch de wetterdruk ferplettere wurde sil, wit de bemanning de dûk te stopjen en it seewetter nei bûten ta te pompen. Nei in ûndersyk ûntdekke Ferraday en Jones dat de torpebobuis sabotearre wie. Ferraday fertinkt Vaslov derfan de dieder te wêzen, om gjin bettere reden as dat er in Rus is, wylst Jones, dy't al jierren mei Vaslov gearwurke hat, tinkt dat de kaptein Anders dy't oan board kommen is, wolris net de echte kaptein Anders wêze kin.

Nei't der in gebiet mei tin iis ûntdutsen wurdt, wit de USS Tigerfish dochs noch op konvinsjonele wize troch it iis te brekken. Ferraday, Vaslov, Jones, it marinierspeloton en de skipsdokter sette yn 'e oangeande sniestoarm ôf nei Iisstasjon Sebra. Underweis falle trije mannen yn in grutte skuor yn it iis, dêr't se mar nauwerneed op 'e tiid wer út komme kinne as de skuor troch it wurkjende iis tichtdrukt wurdt. As de Ferraday-en-dy by it waarstasjon arrivearje, ûntdekke se dat dat foar it grutste part oan 'e grûn ta ôfbaarnd is. In diel fan 'e wittenskippers dy't dêr stasjonearre binne, is dea, wylst de oaren amper oansprekber binne troch ûnderkuolling. As Jones en Vaslov de oerlibbenen begjinne te ûnderfreegjen oer wat der bard is, krije se dan ek gjin brûkbere antwurden.

Dêrom begjint Jones yn 'e basis om te strunen, wêrby't er dúdlik nei it iene of oare siket. As er troch Ferraday ûnder druk set wurdt, jout er úteinlik ta dat er op 'e sneup is nei in eksperimintale Britske kamera, tarist mei in Amerikaansk ferbettere soarte filmroltsje, dy't stellen is troch de Sovjet-Uny om út 'e romte wei opnamen te meitsjen fan Amerikaanske raketsilo's yn Noard-Amearika. Om't it ding mar ien kear oanset wurde koe, hat er ek opnamen makke fan Russyske raketsilo's yn Sibearje. Nei in navigaasjeflater is de kapsule mei de film delkommen yn it Noardpoalgebiet, deunby Iisstasjon Sebra. Om't se dat oankommen seagen, hie de KGB in agint yn it waarstasjon ynfiltrearre, in dokter Goodwin, wylst de CIA in eigen agint stjoerd hie, Halliwell. Dy lêste liket omkommen te wêzen by de brân, mar eins, sa hat Jones fêststeld, hat er in kûgel yn 'e holle, en wied er al dea foar't de brân útbriek. Goodwin is ek dea, mar hy hat langernôch libbe om 'e kapsule earne te ferbergjen.

Nei in lange syktocht fynt Jones úteinlik yn 'e benzinetank fan in rupsfiertúch in yn plestik bewuolle peilapparaatsje dat it beaken fan 'e kapsule lokalisearje kin. Ear't er dêr war mei dwaan kin, wurdt er lykwols mei in brekizer bewusteleas slein troch Vaslov. Dyselde rekket dêrnei yn gefjocht mei kaptein Anders, dy't Vaslov folge wie. Dêrby pakt Anders it brekizer op, wêrnei't er troch de bykommende, mar noch heal bewusteleaze Jones foar syn oanfaller oansjoen en deasketten wurdt.

Underwilens is de stoarm lizzen gien en wurdt de USS Tigerfish op 'e radar fluch neieroankommende militêrre fleantugen fan 'e Sovjet-Uny gewaar. Ferraday lit Vaslov it peilapparaatsje brûke om 'e kapsule te finen, dy't Goodwin deunby it waarstasjon yn it iis ferstoppe blykt te hawwen. Underwilens fynt er sels, nei nochris yn 'e benzinetank fan it rupsfiertúch fielt te hawwen, in oar apparaatsje, dat de iene of oare ôfstânsbetsjinning liket te wêzen. De Sovjet-fleantugen smite in grutte kloft parasjutisten út, dy't ûnder lieding steane fan kolonel Ostrovski. Dyselde easket de kapsule op, dêr't in bom oan sit. Hy lit Ferraday krekt sa'n ôfstânsbetsjinning sjen as dy't Ferraday krekt sels út 'e benzinetank fiske hat en fertelt dat de bom ôfgean sil as er op in beskate knop drukt.

Underwilens hat Vaslov de film út 'e kapsule helle en oan Jones jûn, en Ferraday beart dat er tajout oan Ostrovski syn easken en langet de lege kapsule oer. Dat bedroch wurket lykwols mar koart, en der brekt in sjitpartij út tusken de Sovjet-parasjutisten en de Amerikaanske mariniers. Yn 'e gaos besiket Vaslov de film te besetten troch Jones op 'e hûd te springen. De beide mannen wrakselje, en Vaslov wurdt rekke troch kûgels fan 'e ien fan 'e Sovjet-parasjutisten. Om syn mannen te rêden, dy't fier yn 'e minderheid binne, en om't er noch in troefkaart efter de hân hat, oarderet Ferraday Jones om 'e film oan Ostrovski te jaan. Dy stoppet de brot wer yn 'e kapsule en makket dy fêst oan in waarballon, dy't er opstiigje lit om oppikt te wurden troch in oerfleanend Sovjet-fleantúch. Ear't dat barre kin, aktivearret Ferraday syn ôfstânsbetsjinning en lit er de bom ôfgean, dy't de kapsule mei de film ferneatiget.

Ostrovski hat wurdearring foar Ferraday syn aksjes en jout ta dat se no allebeide foar in diel harren misje folbrocht hawwe troch de oare partij de ynformaasje op 'e film te ûnthâlden. Hy lûkt him mei syn troepen werom, wylst Ferraday, Jones en de mariniers mei de oerlibbenen fan it waarstasjon oan board fan 'e USS Tigerfish geane. Op in teleks komt it nijsberjocht binnen dat de "humanitêre misje" yn it Noardpoalgebiet om 'e wittenskippers fan it waarstasjon te rêden in "goed foarbyld" is fan 'e "gearwurking" dy't mooglik is tusken it Westen en de Sovjet-Uny.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein-luitenant-op-see James Ferraday Rock Hudson
Boris Vaslov Ernest Borgnine
David Jones Patrick McGoohan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Leslie Anders Jim Brown
luitenant Russell Walker Tony Bill
luitenant-op-see 1e klasse Bob Raeburn Gerald S. O'Loughlin
luitenant-op-see Jonathan Hansen Ted Hartley
admiraal Garvey Lloyd Nolan
kolonel Ostrovski Alf Kjellin
luitenant-op-see George Mills Murray Rose
Paul Zabrinczski Ron Masak
luitenant-op-see Edgar Hackett Sherwood Price
luitenant-op-see Mitgang Lee Stanley
dokter Jack Benning Joseph Bernard

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ice Station Zebra is basearre op 'e roman Ice Station Zebra, fan 'e Skotske skriuwer Alistair MacLean, út 1963. De filmrjochten op dat boek waarden yn 1964 oankocht troch filmprodusint Martin Rasohoff. Dyselde wie fan doel om fuort te borduerjen op it súkses fan 'e film The Guns of Navarone út 1961, dy't basearre wie op in oare bestseller fan MacLean. Paddy Chayefsky, dy't koartby it senario fan The Americanizations of Emily foar Ransohoff skreaun hie, waard oannommen om it boek fan MacLean om te wurkjen ta in ferfilmber skript. It wie de bedoeling dat Gregory Peck, David Niven, Edmond O'Brien en George Segal de haadrollen fan Ferraday, Jones, Vaslov, resp. Anders spylje soene, wylst John Sturges oanlutsen waard as regisseur. De opnamen soene yn april 1965 úteinsette.

De produksje rûn lykwols jierren fertraging op trochdat ferskate leden fan 'e cast op dat stuit oare ferplichtings hiene. Boppedat kaam it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, wêrfan't de meiwurking nedich wie foar de bylden fan 'e bûtenkant fan 'e dûkboat, mei beswieren tsjin it senario fan Chayefsky. It soe "in ûnearlike ferdraaiïng fan it militêre bestean" toane, dy't "de reputaasje fan 'e Amerikaanske Marine en syn personiel skansearje" soe. Sadwaande waard Douglas Heyes oan it wurk set om in nij senario foar de film te skriuwen, dat letter noch bywurke waard troch Harry Julian Fink en W.R. Burnett. Troch de jierren fan útstel wie de oarspronklike cast net mear beskikber, sadat alle haadrollen wercast wurde moasten.

Ice Station Zebra waard úteinlik noch wol regissearre troch John Sturges. As produsinten wiene Ransohoff, James C. Pratt en John Calley by it projekt belutsen foar de filmstudio Filmways. Foar de film wie in budget beskikber fan $8 miljoen, dat úteinlik oprûn ta $10 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Daniel L. Fapp, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michel Legrand. De opnamen setten yn juny 1967 útein en duorren oant yn oktober fan dat jier. Akteur Patrick McGoohan kaam by it filmjen yn in ûnderrûne keamer mei de foet earne efter fêst te sitten, en moast troch in rêdingsdûker rêden wurde.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Ice Station Zebra waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. De film gie op 23 oktober 1968 yn Los Angeles yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Ice Station Zebra mingde resinsjes. Renata Adler fan The New York Times omskreau de film as "in ridlik goed, spannend sneontejûnsaventoereferhaal dat ynienen troebel wurdt as der krises útbrekke." Hja fûn lykwols de special effects "oertsjûgjend genôch" en it teleksberjocht oan 'e ein "hat in solide, bûtengewoane irony […]". Wol wiisde se derop dat der gjin inkele frou yn 'e film foarkomt. It tydskrift Variety priizge de aktearprestaasjes fan 'e haadrolspilers, wêrby't benammen Patrick McGoohan yn it sintsje set waard, mei't er "in trije-diminsjonale oanwêzigens fan himsels" hawwe soe. Rock Hudson "komt hiel aardich oer as in man fan bedimme krêft." Ernest Borgnine spile "kreas ynholden" en Jim Brown "docht syn bêst" mei in "fertochte persoanlikheid" dy't "isolearre [is] troch it skript."

Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times fûn lykwols net folle oan Ice Station Zebra, in film dy't er omskreau as "sa ôfkôge en gewoantsjes dat it jin suver oer de meuch giet op 'e trije mominten dat it ynteressant wurdt." Hy hie ek krityk op 'e neffens him fierstente lange spyldoer fan 'e film (2 oeren en 28 minuten) en fûn dat de makkers "withoefolle gimmicks ynsette om 'e tinheid fan it ferhaal te fertsjustermoanjen." De special effects, dêr't foarôf witwat fan makke wie troch de studio, foelen him ek raar ôf, en koene nei syn miening de effekten yn 2001: A Space Odyssey (ek fan MGM) lang net belykje. Yn Ebert syn konklúzje wie Ice Station Zebra "in saaie domme film".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ice Station Zebra in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 15 ûnderskate resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ice Station Zebra brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $4,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $11,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $15,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $10 miljoen betsjut dat in winst fan $5,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1969 waard Ice Station Zebra by de Oscars nominearre foar prizen yn twa kategoryen: bêste kamerarezjy (wûn troch Romeo and Juliet) en bêste special effects (wûn troch 2001: A Space Odyssey).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.