Ibolya Csák
Appearance
| Ibolya Csák | ||
| Ibolya Csák (1936) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Ibolya Csák | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 6 jannewaris 1915 | |
| berteplak | Bûdapest | |
| stjerdatum | 10 febrewaris 2006 | |
| stjerplak | Bûdapest | |
| lingte | 1.66 m | |
| gewicht | 58 kg | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Atletyk | |
| ûnderdiel | Heechspringen | |
| O.S. | Berlyn 1936 | |
| debút | 1932 | |
| karriêre-ein | 1939 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Ibolya Csák (Bûdapest, 6 jannewaris 1915 - Dêre, 10 febrewaris 2006) wie in Hongaars heechspringster.
Sy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Berlyn Olympysk kampioene mei in sprong fan 1.60 meter. twa jier letter waard se yn Wenen ek Europeesk kampioene op dit ûnderdiel mei in sprong fan 1.64 meter. Nei har sportkariêre wurke se as kantoormeiwurkster en waard mem fan twa bern. Ibolya Csák ferstoar op 10 febrewaris 2006, yn 'e âldens fan 91 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
