Springe nei ynhâld

Ibearyske blauwe ekster

Ut Wikipedy
Ibearyske blauwe ekster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaiblauwe eksters (Cyanopica)
soarte
Cyanopica cooki
Bonaparte, 1850
IUCN-status: net bedrige

De blauwe ekster (Cyanopica cooki; synonym: Cyanopica cyanus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae). De fûgel waard yn 1850 troch de Frânske fûgeltsjeman Charles Lucien Bonaparte beskreaun en ferneamd nei de Ingelske skriuwer en natuerûndersiker Samuel Edward Cook. Earder waard de Ibearyske blauwe ekster as in ûndersoarte fan 'e Aziatyske blauwe ekster (C. cyanus) beskôge. De soarte is monotypysk: der wurde gjin ûndersoarten erkend.

Oant yn 'e 21e iuw waard de fûgel mei de Aziatyske blauwe ekster as ien soarte beskôge. Guon tochten sels dat de fûgel yn 'e 16e iuw of 17e iuw fanút Aazje ynfierd waard yn Europa, mar ornitologen ha dêr nea oan wollen. Hjoed-de-dei is de Ibearyske blauwe ekster in aparte soarte.

Fûgel yn Portegal.

Blauwe eksters wurde 34 oant 36 sm lang en binne 65 oant 76 gram swier. De fûgel hat in glânzgjende swarte boppekant fan 'e kop en in wite kiel. De ûnderkant en de rêch binne griisbrún fan kleur mei azuerblauwe wjukken en sturt.

Wat oansjen en hâlden en dragen oanbelanget liket de soarte op 'e gewoane ekster dy't lykwols grutter is (40 oant 51 sm lang). De Ibearyske blauwe ekster is ek lytser as de Aziatyske blauwe ekster, dy't 36 oant 38 sm lang is en tusken 76 en 118 gram weaget. Fierder hat de Ibearyske blauwe ekster in koartere snaffel, ûntbrekke op de sturt de witte stippen, is it blau op 'e wjukken en sturt helderder. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen.

De soarte is endemysk op it Ibearysk skiereilân (Spanje en Portegal). De habitat is leechlân oant maksimaal 700 m boppe de seespegel. De fûgel hat in foarkar foar stienikebosk mei nullebeammen en oliifhôven mei in ûndergroei fan gers. Plantaazjes fan eucalyptusbeammen, dy't yn Spanje en Portegal ynfierd binne, wurde fakentiden brûkt as mienskiplik sliepplak.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels wurde faak yn famyljes waarnommen of groepen fan maksimaal 70 fûgels. De grutste groepen binne nei it briedseizoen en winterdeis te sjen. It iten bestiet út ikels, sied en nuten mei wringeleazen, fruit en beien of ôfeart fan minsken yn parken of stêden.

De soarte boud it nêst yn losse, iepen koloanjes mei ien nêst yn elke beam. In lechsel bestiet út likernôch 6 aaien.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet op it Ibearysk skiereilân en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasjr wurdt op 260.000 oant 460.000 pearkes rûsd en oannommen wurdt dat de populaasje groeit. Dêrfandinne stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, ) op 'e Reade list fan IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: