Springe nei ynhâld

Ian Watkins

Ut Wikipedy
Ian Watkins
krimineel
Ian Watkins (2010)
Ian Watkins (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeIan David Karslake Watkins
nasjonaliteit Britsk
berne30 july 1977
berteplakMerthyr Tydfil
stoarn11 oktober 2025
stjerplakWakefield
etnisiteit Welsk
wurkpaad
misdiebernemisbrûk
straf2013: 35 jier
statusferstoarn yn finzenskip
Eftergrûn
opliedingGrafysk ûntwerper
beropSjonger
Ian Watkins
sjonger en/of muzikant
wurkpaad
lid fanLostprophets
sjenreHardrock
sjongtaalIngelsk
grutste hit(s)Rooftops (A Liberation Broadcast)
jierren aktyf1991-2012

Ian David Karslake Watkins (Merthyr Tydfil, 30 july 1977 - Wakefield, 11 oktober 2025) wie in Welsk pedofyl en earder sjonger.

Watkins is berne yn Merthyr Tydfil wêrnei't er nei Pontypridd ferhuze is. Hy gie dêr nei de Hawtorn High School nei de middelbere skoalle hat er in oplieding dien ta grafysk ûntwerper. In 1991 speelde Watkins in zijn eerste band. Dêrnei waard yn 1995 de band Public Disturbance mar net lang dêrnei ferliet Watkins en noch in oar bandlid de band om Lozt Prophetz op te rjochtsjen fan 1998 ôf stavere as Lostprophets. Watkins ûnthold him in tiid fan alkohol mar joech yn in ynterview ta dat er drugs brûkte.

Begjin desimber 2012 waard Ian Watkins, tegearre mei twa froulju, oppakt en oanklage foar bernemisbrûk. Watkins soe ûnder mear seksuele hannelingen dien hawwe mei in famke fan noch gjin trettjin. Ek soe er besocht hawwe om in poppe fan alve moanne te ferkrêftsjen en ûnseedlike foto's fan bern yn syn besit hân en ferspraat hawwe. De twa froulju, joegen ek in rige seksuele oertrêdingen ta by harren eigen bern.

Doe't de rjochtsaak begûn yn novimber 2013, ûntkende Watkins alles. Letter joech er ta en lei in bekentenis ôf. Yn desimber dat jier waard er feroardiele ta 35 jier sel. De twa froulju dy't, ûnôfhinklik fan inoar, harren bern oan Watkins ta beskikking stelden, krigen in finzenisstraf fan 17 en 14 jier.

Yn augustus 2023 rekke er ferwûne by in stekpartij yn de finzenis. Op 11 oktober 2025 ferstoar Watkins yn de âldens fan 48 jier yn de finzenis ta gefolch fan in stekpartij.

AlbumUtbrocht opBandSingle(s)
The Fake Sound of Progress 27 novimber 2000 Lostprophets Shinobi vs. Dragon Ninja,
The Fake Sound of Progress
Start Something 2 febrewaris 2004 Burn Burn,
Last Train Home
Wake Up (Make a Move),
Last Summer,
I Don't Know
Goodbye Tonight
Liberation Transmission 26 juny 2006 Rooftops (A Liberation Broadcast),
A Town Called Hypocrisy,
The New Transmission,
Can't Catch Tomorrow (Good Shoes Won't Save You This Time)
4:AM Forever
The Betrayed 13 jannewaris 2010 It's Not the End of the World, But I Can See It from Here,
Where We Belong,
For He's a Jolly Good Felon
Weapons 2 april 2012 Bring 'Em Down,
We Bring an Arsenal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: