IJf Blokker
| IJf Blokker | ||
| IJf Blokker yn 1973 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| berne | 2 septimber 1930 | |
| berteplak | De Helder | |
| stoarn | 10 maart 2026 | |
| stjerplak | De Helder | |
| jierren aktyf | 1972–1996 | |
| offisjele webside | ||
| IMDb-profyl TMBd-profyl | ||
IJf Blokker (De Helder, 2 septimber 1930 – dêre, 10 maart 2026) wie in Nederlânske drummer, akteur, sjonger, komyk, presintator en stripskriuwer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Blokker groeide op yn Den Helder, dêr't syn âlden ûndernimmers wiene. Syn heit hie in waskerij, syn mem in banketbakkerij. [1] Hy makke yn juny 1940 yn de Twadde Wrâldoarloch in ferwoastjend bombardemint mei yn syn wenplak. [2]
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy begûn syn karriêre as drummer. Blokker krige in oplieding oan de Muzykskoalle en oefene dit berop út fan 1948 oant 1973. Hy hie fêste engazjeminten by ferskate orkesten, wurke trije jier yn West-Dútslân, seis jier by de Sleeswijk Revue en nochris trije jier yn it orkest by Ted de Braak. Hy joech ek drumles oan Jan Keizer fan de band BZN.
Yn 1971 waard er bekend troch de rol fan Barend Servet yn it telefyzjeprogramma De Fred Haché Show, mei it gefolch dat der in jier letter in Barend Servet Show kaam, dy't rûn fan 1972 oant 1973. Dizze programma's, betocht, skreaun, gearstald en regissearre troch Wim van der Linden, Wim T. Schippers, Gied Jaspars en Ruud van Hemert en útstjoerd op de Nederlânske telefyzje troch de VPRO, feroarsaken nochal wat opskuor troch bleate dûnseressen en oare figuranten, flokken en absurde humor. Yn de programma's liet er in tal gjalpen geregeld hearre, lykas Pollens! Ik word in peu nerveu! en Verdomd interessant, maar gaat u verder... [3][4]
In sketch yn it tf-programma Barend is weer bezig, ein 1972, die yn Nederlân in soad stof opwaaien. Dêryn "ynterviewde" er in frou dy't keninginne Juliana foarstelle moast. Wylst dy sprútsjes siet te skilen, frege er har dingen as: "Oan hokker kant sil jo stean as moarn de republyk útbrekt?" It kaam de VPRO op in offisjele beskrobbing te stean en Blokker waard telefoanysk bedrige mei ûntfiering en marteling. [4]
As Barend Servet helle Blokker yn 1973 de Veronica Top 40 en de Daverende 30 mei it nûmer Waar moet dat heen, hoe zal dat gaan? [5] Oare singles wienen Tok tok tok, Hoe kan dat nou, Mijn thee en ABC.
Fan 1987 oant 1991 spile Blokker de rol fan Meneer Smit yn de bernesearje Mevrouw Ten Kate dy't op sneinemoarn útstjoerd waard yn it jeugdblok fan de VPRO dat doe noch gjin Villa Achterwerk hjitte. Ek spile Blokker mei yn de op de telefyzjesearje basearre film Mevrouw Ten Kate en het beest in de mens. Opnij yn de rol fan Meneer Smit.
As akteur soe er meiwurkje oan harkspullen, de tf-taalkursus Ik heb u lief, mijn Nederland en neisyngronisaasjes. Ek wie er te sjen yn byrollen yn Zeg 'ns Aaa, SamSam, In voor- en tegenspoed, Pompy de Robodoll, Seth & Fiona en Filmpje! Yn in telefyzjebewurking út 1990 fan it toanielstik Eva Bonheur fan Herman Heijermans spile Blokker de rol fan effektemakeler Mijpel.
Tusken 1982 en 1988 spile er efterinoar yn seis teäterproduksjes by de famylje Nooy: De Jantjes, De Jordaan, Hadjememaar, In Holland Staat Een Huis, Boefje en Heimwee. En yn seizoen 1991/1992 spile er mei Peter Faber en Petra Laseur yn it bekroande Het Koekoeksnest.
Yn de seizoenen 1980/1981 en 1982/1983 presintearre er foar de telefyzje it VPRO-natuerprogramma Puur natuur. Yn 1987 wie Blokker de kommentaarstim by it AVRO-telefyzjeprogramma Prijs je rijk mei Fred Oster as presintator. Teffens wie Blokker bekend as bierkenner en as strip-, portret- en reklametekener.
Op 15 novimber 2007 naam Blokker yn Het Noordbrabants Museum it earste eksemplaar fan de dvd-box De Fred Haché Show yn ûntfangst.[6]
IJf Blokker stoar yn de âldens fan 95 jier nei in koart siikbêd.[6]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory IJf Blokker fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
