Hückeswagen

Ut Wikipedy
Wapen
Lizzing fan Hückeswagen yn de Oberbergischer Kreis
De Merkstrjitte

Hückeswagen is in gemeente yn de Dútske dielsteat Noard-Rynlân-Westfalen, yn it distrikt Oberbergischer Kreis. It plak telt 15.800 ynwenners.

De ynwenners fan Hückeswagen sizze leafdefol: "Oh du mien leiw Heukeshowwen, wenn eck deck seih', mott eck deck lowwen!"

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hückeswagen leit oan de rivier Wupper. De Bevertaldam en de Wuppertaldam lizze yn de omkriten fan de stêd. Hückeswagen leit yn in nauwe delling, dêrboppe út ferriisd in kastielberch. It plak leit sa'n 40 km fan Keulen. Oare plakken yn de omkriten binne Radevormwald, Wipperfürth, Wermelskirchen en Remscheid.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]