Springe nei ynhâld

Hypotetyske soarte

Ut Wikipedy
De Martinykara (Ara martinica).
(Yllustraasje fan Gerard Keulemans út 1907 op basis fan 'e beskriuwing fan Jacques Bouton út 'e 1630-er jierren.)

In hypotetyske soarte is in útstoarne soarte bist of plant dêr't fan oannommen wurdt dat dy bestien hat, mar wêrby't der gjin fysyk bewiis (mear) is fan dat bestean. Dat betsjut dat it bestean fan sa'n soarte berêst op in hypoteze. Sokke hypotetyske soarten hawwe gauris ta kontroverse laat, mei't der net selden biologen binne dy't twifelje oft se wol wier bestien hawwe. Wat it noch yngewikkelder makket, is dat men ornaris sprekt fan in soarte, mar dat it ek wol gean kin om in ûndersoarte fan in bekende soarte, mei't soks no net mear nei te gean is. Ek is noch mooglik dat it om in ferkearde identifikaasje giet fan in bekende soarte, bgl. wannear't dy yn it ferline koarte tiid as in troch de minske yntrodusearre eksoat op in plak foarkaam dêr't er eins net thúshearde.

Foarbylden fan hypotetyske soarten binne:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.