Hylke Nauta

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hylke Nauta (Toppenhuzen, 20 july 1932) is in Nederlânsk earder politikus fan de CHU en letter it CDA.

Nauta begûn yn 1951 as folontêr op de gemeentesekretary fan Doanjewerstâl en wurke dêrnei by de gemeenten Eastdongeradiel, Raarderhim en Snits, foar't er ein 1961 oerstapte nei de sekretary fan de gemeente Ljouwert, dêr't er haadkommys op de ôfdieling Kabinet en Algemiene Saken wie. Op 1 jannewaris 1964 waard er de gemeentesekretaris fan Dokkum, wat er oant 1969 bliuwe soe doe't er dosint en direkteur waard fan de Bestjoersskoalle Fryslân yn Ljouwert. Yn 1978 kaam er yn de gemeenteried fan Ljouwert en waard fuortendaliks wethâlder. Hy joech it direkteurwêzen oer, mar bleau wol dosint. Yn septimber 1983 waard Nauta boargemaster fan Beilen. Yn 1993 wie er njonken dat ek waarnimmend boargemaster fan Smilde. Yn augustus 1997 koe er mei pinsjoen, mar om't de gemeente Beilen op 1 jannewaris 1998 opgean soe yn de nije gemeente Middenfjild (letter omneamd ta Midden-Drinte) bleau er noch oan as waarnimmend boargemaster oant de gemeentlike weryndieling.