Springe nei ynhâld

Grutte klikstirns

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hydroprogne caspia)
grutte klikstirns
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaigrutte klikstirnzen (Hydroprogne)
Kaup, 1829
soarte
Hydroprogne caspia
Pallas, 1770
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel

     stânfûgel
     net-briedend


De grutte klikstirns of Kaspyske klikstirns (Hydroprogne caspia, ek wol Sterna caspia) is in fûgel yn it monotypyske skaai Hydroprogne. De fûgel hat gjin erkende ûndersoarten.

Grutte klikstirnzen yn Noard-Amearika.

De grutte klikstirns is mei 48 oant 60 sm, in spanwiidte fan 127 oant 145 sm en in gewicht fan 530 oant 782 gram de grutste stirns. Folwoeksen fûgels ha swarte poarten en in lange oranjereade snaffel mei swart op 'e punt. De kop is boppe swart oant ûnder it each en fierder wyt. Ek de nekke, de búk en de sturt binne wyt. De boppewjukken en rêch binne feal griis en sa ek de ûnderwjukken mar dan mei donkere primêre fearren. Yn 'e flecht is de sturt minder foarke as by oare stirnzen. Ek oars as by oare stirnzen hat de grutte klikstirns winterdeis noch in swarte kroan, mar mei wat wite streken.

De soarte briedt by de grutte marren en oseaankusten fan Noard-Amearika en lokaal yn Europa (Eastsee en Swarte See), Aazje, Afrika en Australaazje. Noardamearikaanske fûgels migrearje nei de súdlike kusten, de Westyndyske fûgels nei it meast noardlike diel fan Súd-Amearika en de Europeeske en Aziatyske fûgels yn 'e tropen fan 'e Alde Wrâld. De fûgels fan Afrika, Austraalje en Nij-Seelân binne stânfûgels of migrearje oer lytse ôfstannen.

Yn Nederlân wurdt de fûgel meast yn augustus en septimber waarnommen en dan fral oan 'e Fryske Iselmarkust. De oantallen fariearje en hingje ôf fan it briedsukses yn 'e Eastsee. Sûnt 1990 wurde der alle jierren mear grutte klikstirnzen waarnommen yn Nederlân.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fûgel mei piken.

Se dûke nei fisk en ite út en troch ek ynsekten, jongen en aaien fan oare fûgels of kjifdieren en kinne oant 60 km fan 'e briedkoloanje fleane om fisk te fangen.

De fûgels briede yn 'e maitiid en de simmer yn koloanjes of mei oare stirzen en seefûgels. It nêst leit tusken grind en sân en bestiet út ien oant trije ljochtblaugriene aaien mei brune plakken. De briedtiid duorret 26 oant 28 dagen en de piken binne ljocht krêmkleurich oant donkerder griisbrún. De kleurfariaasje helpt de âlden om harren piken nei it foerazjearjen werom te finen. De piken rêde harren sels nei 35 oant 45 dagen.

De wrâldpopulaasje fan 'e fûgel wurdt op 250.000-470.000 fûgels rûsd (Wetlands International 2015). De Europeeske populaasje soe bestean út likernôch 11.800-14.800 pearkes (23.600-29.600 folwoeksen fûgels (BirdLife International 2015). Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme, fral yn Noard-Amearika dêr't de soarte it briedareaal nei it noarden útwreidet, mar ek yn Europa. De fûgel wurdt as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: