Springe nei ynhâld

Lytse miuw

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hydrocoloeus minutus)
lytse miuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiwinterkobben (Rissa)
soarte
Hydrocoloeus minutus
Pallas, 1776
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     net-briedend

     dwaalgast


De lytse miuw (Hydrocoloeus minutus) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae).

Folwoeksen fûgel yn simmerdracht.

Lytse miuwen wurde 25–27 sm lang en ha in spanwiidte fan 75–80 sm. Se weage 68 oant 133 gram. De lytse miuw is ien fan 'e lytste miuwen. Simmerdeis hat de fûgel in folslein swarte kop. De rêch is ljochtgriis en de nekke, mantel, stút en sturt en de ûnderkant binne wyt. Karakteristyk binne de donkere ûnderwjukken en de ljochtgrize boppewjukken. Winterdeis wurdt de kop wyt útsein op 'e kroan en in plak by it each. De snaffel is tin en readbrun en de poaten binne donkerread.

Juvenyl.

Jonge fûgels hawwe in swartbrúnbûnte boppekant mei in dúdlike swarte W-markearing op 'e boppewjukken (of V-markearing op 'e boppewjuk). Ek hat er in swart earplak, in griisswarte kroan, in grize nekke en in griisswarte markearing op 'e mantel. Hy hat in swarte sturtbân. Syn bealchje en ûnderkant fan 'e wjuk binne foar it meast wyt. Syn snaffel is swart en hy hat ljochtrôze poatsjes.

De lytse miuw liket frijwat op 'e kob en de swartkopmiuw, mar is in stik lytser.

Earder waard de lytse miuw yn it skaai Larus klassifisearre, mar nei ûndersyk fan it mitochondriaal DNA koe oantoand wurde dat de fûgel minder besibbe is oan dat skaai. De lytse miuw is dêrom yn it monotypyske skaai Hydrocoloeus set. Pons et al. (2005) stelde út om de lytse miuw mei de rôze miuw yn ien skaai te setten. Nettsjinsteande de lytse miuw in tige grutte fersprieding hat, is der gjin ferdieling yn ûndersoarten.

De lytse miuw hat in tige grut ferspriedingsgebiet, dat yn ferskillende isolearre gebieten om it Holarktysk gebiet hinne leit, mar benammen yn it Palearktysk gebiet. De soarte briedt yn Noardeast-Jeropa en op fersprate plakken yn Sintraal-Europa, dielen fan Sibearje, Kazachstan, Mongoalje en tige lokaal ek op 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. It is in trekfûgel dy't winterdeis oan 'e kust of op 'e pelagyske sône trochbringt, mar de oerwinteringsgebieten binne min bekend. Yn jannewaris 1990 waarden 52.000 lytse miuwen waarnommen yn 'e Egyptyske Nyldelta, it heechste oantal lytse miuwen dat ea waarnommen is. Se oerwinterje om 'e kusten fan 'e Middellânske See, de Atlantyske kust en in pear om 'e kusten fan Grut-Brittanje en Noard-Afrika hinne. De Noardamerikaanske populaasje oerwinteret oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten.

De fûgel briedt út en troch yn Nederlân en de briedgefallen dy't bekend binne lizze om 'e Iselmar. As wintergast en fral as trekfûgel komt de soarte yn gruttere getallen yn ús lân foar en dan benammen oan 'e kust en Fryske Waadkust. Om 't de soarte in tige seldsume briedfûgel yn Nederlân is, stiet er as earnstich bedrige op 'e Nederlânske Reade list.[1]

Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte tanimme. De Europeeske populaasje wurdt rûsd op 23.700 oant 45.200 pearkes, itjinge oerienkomt mei 47.400 oant 90.500 folwoeksen fûgels (BirdLife International 2015). In rûzing yn 2006 gyng út fan in wrâldpopulaasje fan 97.000 oant 270.000 fûgels. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: