Springe nei ynhâld

Hydra (eilân)

Ut Wikipedy
Hydra
Ύδρα
geografy
lokaasjeSaroanyske Golf
ûnderdiel fanSaroanyske eilannen
lânflagge fan Grikelân Grikelân
koördinaten37°20' N 23°28' E
algemien
ynwennertal2.072 (2024) [1]
sifers
oerflak69.81 km²
heechste punt588 m
webside
ydra.gov.gr
kaart
Hydra (Grikelân)
Hydra

Hydra (Gryksk: Ύδρα, Ydra) is in Grysk eilân en in Grykske gemeente (dimos) yn 'e Egeyske See tusken de Saroanyske Golf en de Argoalyske Golf. It eilân is langwerpich en bercheftich en wurdt skieden fan 'e Peloponnesos troch in smelle seestrjitte.

Fanút de havens fan Piraeus en Nafplio op 'e Peloponnesos is der in regelmjittige tsjinstregeling fan fearboaten. Om't auto's op it eilân net tastien binne, wurdt it measte ferfier op in ezel dien. De ôfstannen op it beboude diel binne lykwols koart en kinne te gean ôflein wurde.

De haadstêd bestiet út in healrûne haven, dy't omfieme wurdt troch in ring fan winkels en hoarekabedriuwen. De lokale befolking wennet oan 'e steile strjitten, dy't nei de haven liede. Op it eilân is gjin drinkwetter en dat moat mei de boat fan it fêstelân oanfierd wurde. It grutste part fan it eilân bestiet út drûge, rotsige heuvels, dy't foar it grutste part net bewenne wurde. Yn it binnenlân lizze allinnich noch in pear pleatsen en twa tige isolearre otterdokse kleasters.

It heechste punt is de likernôch 590 m hege berch Erotas.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Oan 'e haven fan Hydra steane noch in soad 18e- en 19e-iuwske hûzen.
  • It eilân hat in oantal histoaryske tsjerken, lykas de Ipapantitsjerke en de tsjerke fan Agios Konstantinos en it Trije-ienheidskleaster. De katedraal fan Hydra stiet tichteby de haven.
  • By de haven stiet it monumint foar de Grykske held Andrea Miaoulis.
  • Op it eilân steane ferskillende histoaryske wynmûnen.
  • De fêstingwurken spilen in grutte rol yn 'e skiednis fan it eilân.

Leonard Cohen hie in hûs op it eilân en hat dêr yn 'e jierren 1960 in skoft wenne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Saroanyske eilannen

AngistriDokosEginaHydraPorosSalamisSpetsesChamiliSpetsopoulaTrikeriAgios Georgios
· · Berjocht bewurkje