Huzinge Riis
Huzinge Riis of it Hûs Riis wie in bûtenhûs dat noardwest fan de hjoeddeiske haadyngong fan de Rysterbosk stie, by Riis, gemeente Gaasterlân.
It hûs waard boud yn de 18e iuw. De omjouwing fan Riis wie eartiids eigendom fan de Galama's, dy't ek in stins hiene yn Riis, net fier fan it lettere bûtenhûs. It plak Riis waard eins stifte troch Hiob De Ruyter De Wildt, âld-sekretaris fan de Admiraliteit fan Amsterdam. Hy waard yn de 17e iuw eigener fan Riis en omkriten, dat doe út heuveleftige heidefjilden bestie. Hy liet ûnder oare nôt ferbouwe en tabaksplantaazjes oanlizze. Foar himsels liet hy in lusthof oanlizze, besteande út it Hûs te Riis mei dêr omhinne bosken en singels.
In pakesizzer fan Hiob, David de Wildt, troude mei Nicasia van der Haer. Nei syn dea wertroude syn widdo yn 1756 mei Ulbo Aylva Rengers, grytman fan Gaasterlân, wêrmei't it Hûs te Rijs yn dizze famylje kaam. Nei de dea fan dit pear erfde harren soan Albertus Aemilius Rengers it slot, dat dêrnei troch it houlik fan syn dochter Constantia Johanna mei Jhr. Gerard Reynier Gerlacius van Swinderen yn it besit kaam fan dizze oarspronklik Grinslanner famylje kaam. Spitigernôch waard it hûs te Riis oan it begjin fan de tweintichste iuw ôfbrutsen en ferfongen troch in modern hûs.
Van de State is in tekening bewarre bleaun fan de hân fan Jacobus Stellingwerf út 1721. Hjirop stiet te lêzen: "'t huis Rijs onder Mirns in Gaesterlant, behoort den Edelen heere David de Wildt, secretaris der Admiralitijt binnen Amsterdam". En neffens de "Tegenwoordige Staat van Friesland" hat De Wildt der alles yn kultuer brocht en beboske mei leanen en singels "in eene welgeregelde orde aangelegd; zodat deeze Lustplaats de uitgebreidste en vermaaklijkste van Friesland mag genoemd worden, vooralom dat dezelve op zulk een hoogen grond nabij Zee gelegen is, dat men van hier, bij schoon weder, een groot gedeelte van de kust der Zuider Zee ontdekken kan". It Hûs te Riis wie boud op in omgrêfte terrein en bestie út fjouwer heaks op elkoar steande fleugels yn sigesage-foarm. Alle fjouwer fleugels bestienen mar út ien boulaach mei sealdakken. Meidat der op it hûs in soad skoarstienes stienen, waard it kompleks grif hielendal bewenne. De stâl-, koets- en oare tsjinstgebouwen stiene dan earne oars yn de omlizzende bosk.
De bosk, yn eigendom fan It Fryske Gea, is in goed werkenber stjerrebosk. Yn de bosk, oan de kant fan de haadleane leit it saneamde Fredestimpeltsje, it al faak hielendal fernijde neo-klassisistyske paviljoen dat oan de frede yn 1814 nei de Frânske tiid herinnert.
Fotogalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Yngong slottún Riis fan Ids Willemsma
-
Yngong slottún Riss fan Ids Willemsma
-
Fiver yn de nij oanleine tún
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hiob De Ruyter De Wildt
- - 1756 David de Wildt, troud mei Nicasia van der Haer
- 1756 Nicasia van der Haer, wertroud mei Ulbo Aylva Rengers
- Albertus Aemilius Rengers
- Constantia Johanna Rengers, troud mei Jhr. Gerard Reynier Gerlacius van Swinderen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|