Hunter S Thompson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hunter S. Thompson

Hunter Stockton Thompson (18 july 193720 febrewaris 2005) wie in Amerikaansk sjoernalist en skriuwer.

Berne yn Louisville, Kentucky yn in middenklasse famylje, hie Thompson in turbulinte jeugd nei't it ferstjerren fan syn heit de famylje in earmoed efter liet. Hy koe syn middelbere skoalle net ôfmeitsje, meidat hy 60 dagen yn de finzenis kaam foar it stypjen fan in berôving. Hy gong by de Amerikaanske loftmacht foardat hy úteinlik nei de sjoernalistyk oerstapte. Hy reizge in soad, ynklusyf perioaden yn Puerto Riko en Brazylje, wêrnei't er him úteinlik yn de iere jierren 60 yn Aspen, Kolorado nei wenjen sette.

Thompson waard ynternasjonaal bekend mei de publikaasje fan Hell's Angels: The Strange and Terrible Saga of the Outlaw Motorcycle Gangs (1967), wêrfoar't hy in jier mei de Angels libbe en riden hie, wylst hy harren libben gewaarwurde en harren ferhalen út earste hân hearde. Yn it begjin wie hy in mear konvinsjonele sjoernalist, mar mei de publikaasje fan "The Kentucky Derby Is Decadent and Depraved" yn 1970 waard hy in figuer fan de counter culture (fert.: tsjinkultuer), mei syn eigen slach fan Nije Sjoernalistyk dat hy "Gonzo" neamde. Gonzo wie in eksperimintele styl fan sjoernalistyk wêrby't de ferslachjouwers harren sels op sán manier yn de aksje bejaan sadat se sels sintrale figueren wurde yn harren ferhalen. It wurk dêr't er it bêste foar bekend is is Fear and Loathing in Las Vegas: A Savage Journey to the Heart of the American Dream (1972), in djipgeande skôging fan it falen fan de counterculture-beweging fan de jierren 60. It waard foar it earst útbrocht yn Rolling Stone, in blêd wêr't Thompson noch lang mei yn ferbân brocht wurde soe, en waard dêrneist yn 1998 ek útbrocht as film mei Johnny Depp en regissearre troch Terry Gilliam.

As polityk persoan die hy yn 1970 fergees mei oan de ferkiezings foar sheriff fan Pitkin County, Kolorado. Hy stie bekent om syn yngeande haat foar Richard Nixon, dy't er seach as de fertsjinwurdiging fan de "tsjustere, korrupte, en ûngenêslik gewelddiedige kant fan de Amerikaanske aard" en dy't hy del sette yn syn boek Fear and Loathing on the Campaign Trail '72. Fan de mid-1970s ôf waard syn literêre produktivens bot minder, meidat syn rom him dreech foel en hy klage dat hy net langer ienfâldichwei rapportearje koe meidat hy oeral werkent waard. Hy stie ek bekent foar syn libbenslange brûk fan alkohol en yllegale drugs, syn leafde foar fjoerwapens, en syn ikoanoklastyske wanachting fan autoritarianisme, en sei "I hate to advocate drugs, alcohol, violence, or insanity to anyone, but they've always worked for me." (fert.: "Ik abbekaatsje net graach foar drugs, alkohol, geweld of sljochtsinnigens foar wa dan ek, mar se ha foar my altyd wurke.").

Wilens hie er in protte swierrichheden mei syn sûnens. Thompson die himsels himsels tekoart yn de âldens fan 67 jier. Neffens syn winsken, waard by in seremoanje, dy't finansiere waard troch syn freon Johnny Depp en bywenne troch in grutte groep freonen, derby John Kerry and Jack Nicholson, syn jiske út in kanon sketten. Hari Kunzru skreau dat (fert. út it Ingelsk) "de wiere stim fan Thompson oan it ljocht kaam as in Amerikaanske moralist ... ien dy't himsels faak ûnkreas makke om de ûnkreazens dy't hy om him hinne seach bleat te stellen".

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Hell's Angels: A Strange and Terrible Saga of the Outlaw Motorcycle Gangs (1967)
  • Fear and Loathing in Las Vegas (1971)
  • Fear and Loathing: On the Campaign Trail '72 (1973)
  • The Gonzo Papers (bondele reportaazjes yn fjouwer dielen; 1989-1999)
  • The Curse of Lono (1983)
  • The Fear and Loathing Letters (karút brieven, trije dielen; 1997-2000)
  • Fear and Loathing in America: The Brutal Odyssey of an Outlaw Journalist 1968-1976 (1997)
  • The Rum Diary (útjûn yn 1999, mar skreaun yn 1959)
  • Kingdom of Fear: Loathsome Secrets of a Star-Crossed Child in the Final Days of the American Century (2003)
  • Hey Rube : Blood Sport, the Bush Doctrine, and the Downward Spiral of Dumbness Modern History from the Sports Desk (2004)

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]