Humboldtgint
| humboldtgint | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sula variegata | ||||||||||||
| Tschudi, 1843 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De humboldtgint of Humboldts gint (wittenskiplike namme: Sula variegata) is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e tropenginten (Sula). Dit bist komt foar by de westkust fan Súd-Amearika lâns. Hoewol't syn ferspriedingsgebiet oansjenlik beheinder is as dat fan besibbe soarten, is de humboldtgint de meast foarkommende seefûgel oan 'e kust fan Perû. It is in sosjale fûgel, dy't benammen fisk yt en yn grutte koloanjes oer de grûn nêstelet. De IUCN klassifisearret de humboldtgint as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De humboldtgint waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1843 troch de Switserske soölooch Johann Jakob von Tschudi. De neiste sibbe fan 'e humboldtgint is de blaupoatgint (Sula nebouxii). De beide soarten diele ekologyske en biologyske skaaimerken dy't derop wize dat se noch mar relatyf resint útinoar groeid binne. In genetysk ûndersyk út 2011 berekkene dat dy opspjalting tusken 1,1 miljoen en 800.000 jier lyn plakfûn hawwe moat. Tusken de beide fûgels, wêrfan't de fersprieding oerlapet, komme soms natuerlike krusings foar.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De humboldtgint is yn syn fersprieding beheind ta de wetters fan 'e Humboldtstream deun foar de westkust fan Súd-Amearika. Dizze fûgel komt foar fan sintraal Sily yn it suden, fia Perû en Ekwador oant yn súdwestlik Kolombia yn it noarden. Guon fan 'e grutste briedkoloanjes binne fêstige op 'e Perûviaanske eilannen Lobos de Tierra en Lobos de Afuera.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De humboldtgint hat trochinoar in totale lichemslingte fan 71–76 sm, mei in spanwiidte fan likernôch 150 sm en in gewicht fan 11/4–11/2 kg. Dizze soarte fertoant wat seksuele dimorfy yn 'e sin dat wyfkes wat grutter en foarser binne as de mantsjes, mei wjukken dy't yn trochsneed 4% grutter binne en in lichem dat trochinoar 19% swierder is.
It fearrekleed is brún op 'e rêch, wjukken en sturt, mar wyt op 'e kop, it boarst en de bealch. De boppekant fan 'e wjukken binne besprinzge mei wat wite spikkels dy't troch it brún hinne kypje. De snaffel is griis fan kleur en lang yn ferhâlding ta it lichem, mei in skerpe punt dy't hielendal oan 'e útein in bytsje omleech bûcht. De rânen fan 'e snaffel binne kartele, en de noasters sitte oan 'e binnenkant fan 'e snaffel om foar te kommen dat der by it dûken seewetter yn kringe kin. De oergrutte poaten hawwe swimfluezzen tusken de teannen en binne griis fan kleur.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Humboldtginten libje it grutste part fan it jier op see, en komme inkeld oan lân om te brieden. Dat dogge se oer it algemien op platte, wynderige strannen en sâltflakten dêr't har nêsten in temperatuer behâlde kinne fan 28–38 °C.

Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kommunikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De humboldtgint is in lûdroftige fûgel. Fral it wyfke produsearret in hiel ferskaat oan fokalisaasjes, fan trompetsjend kwêkjen oant in soartemint klaksonearjen. De mantsjes, oan 'e oare kant, fluitsje benammen. Piken en juvenilen binne oer it algemien stil, en it tinken mank ornitologen is dat it oanlearen fan 'e fokalisearrings ferskate jierren duorret.

Fleanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Humboldtginten binne sweefwjukkelders, wat betsjut dat se it slaan mei de wjukken ôfwikselje mei skoften dat se sweve en de wjukken stil hâlde. Troch de wjukmorfology en har flechtstyl jouwe se der de foarkar oan om mei sydwyn te fleanen ynstee fan yn 'e wyn op of foar de wyn út. Dêr hawwe se it measte oan om't se foar de wyn út te hurd geane om fisk te finen, wylst se yn 'e wyn op tefolle enerzjy ferbrâne. De trochsneed faasje by it fleanen is by de humboldtgint likernôch 44 km/h, hoewol't har maksimumfaasje dokumintearre is op 139 km/h.
Foerazjearjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foerazjearjen dogge humboldtginten troch al fleanend om te sjen nei in iezing gaadlike, net al te grutte, mar ek wer net te lytse, fisken, dy't net te fier ûnder it wetteroerflak fan 'e see swimt. As se dy ienris fûn hawwe, dûke se út 'e loft wei de see yn, wêrby't se har wjukken tebekteare en sa in tige streamline lichemsfoarm oannimme. Mochten se net daliks in fisk fange, dan kinne se altyd noch swimmend ûnder wetter de efterfolging ynsette, wêrby't se har krêftich fuortbewege troch sawol de wjukken as har mei swimfluezzen tariste poatten te brûken.
Oars as guon besibbe soarten, dy't yn 'e briedtiid soms hûnderten kilometers fier reizgje om oan iten te kommen, foerazjearje humboldtginten deun by har briedkoloanje, yn 'e regel op in ôfstân fan minder as 5 km. Foerazjeartripkes duorje foar dizze fûgels dan ornaris ek mar heechút in pear oeren, folle koarter as by besibbe soarten. De humboldtgint foerazjearret sawol yn gruttere as yn lytsere groepen, mar net allinnich. Hy jout de foarkar oan ûndjippe wetters deunby de kust. By it foerazjearjen bringe de fûgels 90% fan 'e tiid fleanend (sykjend) troch, en mar 10% dûkend en swimmend.

Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De humboldtgint hat gjin spesifike peartiid mar kin him it hiele jier rûn fuortplantsje, om't der yn 'e tropen, dêr't er libbet, gjin kjeld of itenskrapte feroarsaakjende wikselings fan 'e jiertiden binne. Der bestiet lykwols in dúdlik hichtepunt yn har fuortplanting yn 'e súdlike simmer (septimber oant en mei maart). Ofhinklik fan 'e beskikberens fan genôch fretten kinne fûgels dêrnei nochris besykje om in twadde kear te brieden.
Humboldtginten binne ornaris monogaam binnen ien briedseizoen, hoewol't se yn in folgjend briedseizoen in oare partner hawwe kinne. De balts giet mank mei 'dûnsjen' en 'loftwizen', wêrby't de kop, wjukken en sturt oplichte en mei syn snaffel nei de loft wiisd wurdt. It nêst bestiet út in dobke yn 'e ûndergrûn omjûn troch in râne fan sân en gûano. It wyfke leit dêryn 2–3 aaien, dy't bleek blau fan kleur binne. De humboldtgint is ien fan mar twa soarten gintfûgels dy't mear as ien aai per lechsel lizze; de oare is de nau besibbe blaupoatgint (Sula nebouxii).
De briedtiid duorret foar de humboldtgint 28–35 dagen. It brieden wurdt ôfwikseljend dien troch beide âlden. De piken binne nêstbliuwers. Se wurde troch beide âlderfûgels fuorre, wêrby't se har snaffel yn 'e snaffel fan 'e âlder stekke en de opkoarre, heal fertarde fisk út 'e krop helje. Fan 'e 2–3 aaien fljocht, mei likernôch 90 dagen, ornaris mar ien pyk út. It briedsúkses hinget ôf fan ferskate faktoaren, lykas de beskikberens fan fretten, de lokaasje fan 'e briedkoloanje, de grutte fan 'e koloanje en de tiid fan it jier dat der bret wurdt. Nei it útfleanen bliuwe de jonge fûgels noch likernôch 21/2 moanne by de âlden ear't se har eigen wegen geane. Humboldtginten binne mei 2–6 jier geslachtsryp. Se hawwe in libbensferwachting fan 17–20 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Humboldtginten binne karnivoaren, mei in dieet dat hast hielendal bestiet út fisk. Fan en ta wurdt dêr ek wol inketfisk oan tafoege. It wichtichste fretten fan dizze soarte bestiet út ansjofisken, yn it bysûnder de Perûviaanske ansjofisk (Engraulis ringens). Dêrnjonken frette se ek ferskate soarten makriel, hoewol't dat ôfhinklik liket te wêzen fan 'e beskikberens fan ansjofisken. Der bestiet foar 't neist wat fariaasje yn it dieet dy't te krijen hat mei it libbensstadium fan 'e fûgels.
De humboldtgint is foar syn fretten ôfhinklik fan 'e kâlde, produktive wetters fan 'e Humboldtstream, wêrmei't plankton út 'e Súdlike Oseaan wei nei de tropen spield wurdt. Op it plankton komme de fisken ôf en dy wurde dan wer opfretten troch de humboldtginten en oare rôfdieren heger yn it fiedselstring. It klimaatbarren El Niño hat in sterke ynfloed op dat systeem trochdat it seewetter derfan opwaarmet. Dat betsjut minder plankton, minder fisken en minder fretten foar û.o. de humboldtginten, mei as gefolch minder súkses by it grutbringen fan 'e piken.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Humboldtginten hawwe net folle natuerlike fijannen. Piken binne wol kwetsber foar rôffûgels en grutte miuwen en oare rôfsuchtige seefûgels, en teffens foar slangen lykas de Ekwadoraanske molkeslang (Lampropeltis micropholis).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De humboldtgint hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De humboldtgint is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

