Springe nei ynhâld

Hudsonskries

Ut Wikipedy
Hudsonskries

brieddracht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaiskriezen (Limosa)
soarte
Limosa haemastica
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel
     wintergast

De Hudsonskries (Limosa haemastica) is in wilstereftige fûgel yn 'e famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De namme ferwiist nei de Hudsonbaai, dêr't it eksimplaar weikaam dêr't de wittenskiplike beskriuwing op basearre waard.

Yn alle kleden hat er lange, donkere poaten, in dúdlike wite eachstreek en in lange, swak nei boppe bûge snaffel dy't oan de ein donker is. Yn 'e flecht binne de wite wjukbannen, de swarte oksels en de donkere ûnderwjukdekfearren te sjen. De fûgel hat in wite stút, in swarte sturt en in puntige wjuk. De skaaien binne gelyk, al hawwe de wyfkes – krekt lykas by oare skriezen – in langere snaffel as de mantsjes en binne se wat grutter.

Winterkleed.

De folwoeksen fûgel is tusken de 37 en 42 sintimeter lang en weaget likernôch 300 gram. Yn it briedkleed, dat er yn april begjint te krijen, hat er in donkerbrún, weagjend patroan op 'e boppekant, in readbrún boarst en ûnderkant, grize boppewjukdekfearren, in ljochtgrize nekke en wang, in brúne eachstreek en in brúne krún. De snaffel is rôze-oranje. Yn it winterkleed (tusken oktober en maart) is it measte fan it fearrekleed griis en is de snaffel rôze.

De jonge fûgel is griis en bêzjekleurich en ljochter as de folwoeksen fûgels yn it winterkleed. Hy hat ek in dúdlike wite eachstreek.

De Hudsonskries is in soarte fan tuskenfoarm fan 'e skries en de heawylp. It grutste ferskil is de swarte oksels fan 'e Hudsonskries. Wat grutte en foarm oanbelanget liket er op 'e heawylp, mar hy hat in dúdliker nei boppe bûge snaffel en langere poaten. Yn it fearrekleed liket er mear op 'e skries troch de wite wjukbân, de wite stút en de swarte sturt.

Fersprieding, biotoop en brieden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hudsonskries briedt tichteby de beamgrins yn it noardwesten fan Kanada en Alaska en op de strannen by de Hudsonbaai. Se bouwe it nêst fuort op 'e grûn, goed ferburgen yn sompige gebieten. It wyfke leit trochstrings fjouwer aaien. Nei it útkommen soargje beide âlden foar de jongen, dy't nei likernôch in moanne harren eigen iten sykje kinne en fleane.

De Hudsonskries is in trekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Amearika (Brazylje, Paraguay, Oerûguay, Argentynje, Perû en Sily). Foar de trek sammelje se har yn grutte kloften by de Jamesbaai yn Kanada. By geunstich waar fleane in soad fûgels de hiele ôfstân non-stop.

Foarkommen bûten Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Jeropa is de Hudsonskries in pear kear waarnommen yn Grut-Brittanje (foar it earst yn 1981) en ien kear yn Denemark (1986) en twa kear yn Sweden sjoen. De Hudsonskries is ek waarnommen yn bygelyks Súd-Austraalje, Súd-Afrika, op Hawaï, de Galápagoseilannen en Nij-Seelân.

Dizze fûgels sykje harren iten troch de boaiem fan ûndjip wetter ôf te sykjen. Se ite benammen ynsekten en lytse kreefteftigen.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hudsonskries is in relatyf seldsume soarte mei in beheind ferspriedingsgebiet. Resinte stúdzjes litte sjen dat de populaasje bot ôfnimt, sa bot dat de IUCN de soarte sûnt 2024 as bedrige beskôget yn 'e kategory kwetsber (VU). De oarsaak fan 'e delgong is net alhiel dúdlik, mar nei alle gedachten spylje habitatferlies op rêst- en oerwinteringsplakken en de gefolgen fan klimaatferoaring in rol. De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 41.000 en 70.000 folwoeksen yndividuen rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: