Hubert Ate Westerhuis
| Hubert Ate Westerhuis | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Hubert Ate Westerhuis | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 1 novimber 1900 | |
| berteplak | Ljouwert | |
| stjerdatum | 1 maart 1977 | |
| stjerplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| funksje | Efterynse | |
| PC | 1918 | |
| ekstra | 1× PC kening (1918) | |
Hubert Ate Westerhuis (Ljouwert, 1 novimber 1900 - dêre, 1 maart 1977) wie in Frysk keatser.
Westerhuis helle 13 punten foar it ivich keatsklassemint. De karriêre fan de yn Easterlittens wenjende Westerhuis wie mar koart. Yn 1918 wûn er mei Roelof de Jong en Petrus Hiemstra beide fan Wommels ûnferwachts de PC. Hubert Ate Westerhuis waard ta kening útroppen
De santjinjierrige kening fan de PC, wie noch net fan alle PC-riten op 'e hichte en sadwaande stapte er nei de priisútrikking mei de keningspriis om 'e nekke op 'e fyts en ried op hûs oan. Dat wie al hiel net de bedoeling, want de keningspriis moast nei de priisútrikking wer by it PC-bestjoer ynlevere wurde. Westerhuis waard, nei in koarte huldiging yn syn wenplak, der troch syn doarpsgenoaten op wiisd dat er de keningspriis sa gau mooglik wer ynleverje moast. En sa ferskynde er deselde deis noch wer yn Frjentsjer om de keningspriis wer oan de kommisjeleden te oerlangjen.
Dizze oerwinning soe ien fan de pear suksessen fan dizze masinist op in stoomboat en letter fan it gasfabryk yn Ljouwert wêze, dy't er behelle. Trochdat er te min tiid hie, kaam er gau in ein oan de karriêre fan Hubert Ate Westerhuis. Hubert Ate Westerhuis ferstoar op 1 maart 1977 yn de âldens fan 76 jier.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|