Springe nei ynhâld

Hubbellminskehaai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hubbells wite haai)
hubbellminskehaai

It Sacaco-spesimen: de kaken en tosken fan 'e hubbellminskehaai.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassekreakbienfisken (Chondrichthyes)
skiftmakrielhaaien (Lamniformes)
famyljehjerringhaaien (Lamnidae)
skaaiminskehaaien (Carcharodon)
soarte
Carcharodon hubbelli
Ehret et al., 2012
status: útstoarn (fossyl)

De hubbellminskehaai of Hubbells minskehaai (wittenskiplike namme: Carcharodon hubbelli), ek wol Hubbells wite haai neamd, is in útstoarne haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e minskehaaien (Carcharodon). Dizze soarte ûntjoech him 8 miljoen jier lyn yn it Let-Mioseen en stoar 5 miljoen jier lyn út yn it Ier-Plioseen. Fossilen fan 'e hubbellminskehaai binne fûn yn ferskate lannen om 'e Stille Oseaan hinne.

De hubbellminskehaai waard foar it earst yn 2012 wittenskiplik beskreaun troch Dana J. Ehret, Bruce J. Macfadden, Douglas S. Jones, Thomas J. Devries, David A. Foster en Rodolfo Salas-Gismondi. Hja joegen it bist de wittenskiplike namme Carcharodon hubbelli, nei dr. Gordon Hubbell, de wittenskipper dy't yn 1988 it earste fossyl fan dizze doe nije haaiesoarte opkocht fan 'e boer dy't it op syn lân fûn hie. De nammejouwing wie in earbetoan foar Hubbell syn bydragen oan 'e paleöntology op it mêd fan haaien en út tank foar syn skinken, yn 2009, fan dat earste fossyl oan it Natoerhistoarysk Museum fan Floarida.

Algemiene beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hubbellminskehaai wie rûchwei fan deselde grutte as de moderne wite haai, mei in totale lichemslingte fan 4,9–5,1 m. De groeikurve fan dit bist lit sjen dat er stadiger oanwoeks as de wite haai. De hubbellminskehaai wie in transisjonele soarte, mei skaaimerken dy't de midden hâlde tusken de libbene wite haai of minskehaai (Carcharodon carcharias) en de fossile breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis).

De gongbere teory is dat de hubbellminskehaai him út de breedtoskmakrielhaai ûntwikkele hat en himsels meitiid ûntjûn hat ta de wite haai. Om't der inkeld fossilen fan 'e hubbellminskehaai fûn binne yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, Perû, Sily en Nij-Seelân, liket dizze rôffisk yn syn fersprieding beheind west te hawwen ta de Stille Oseaan. Dat suggerearret teffens in Pasifyske oarsprong foar de moderne wite haai.

De oergong fan 'e foarm fan 'e tosken fan 'e breedtoskmakrielhaai fia de hubbellminskehaai nei de moderne wite haai of minskehaai. De middelste trije tosken binne fan 'e hubbellminskehaai út ferskate tiidrekken.

Der is mar ien min ofte mear folslein gebit fan in hubbellminskehaai weromfûn, it saneamde Sacaco-spesimen (offisjele namme: UF 226255), ôfkomstich út 'e Piscoformaasje yn súdlik Perû. De morfology fan 'e tosken liket tige op dy fan 'e wite haai: oan 'e kant fan lippen en tonge ôfplatte, trijehoekige punten mei kartele rânen, mar der binne lytse ferskillen yn 'e stân fan beskate tosken en de kartels binne finer en belúnje yn grutte neigeraden dat se de punt neieroan komme.

Saakkundigen binne fan tinken dat de ûntwikkeling fan kartele rânen op 'e tosken fan 'e hubbellminskehaai in feroaring fan proaidieren oanjout. Dy oanpassing suggerearret nammentlik dat dizze rôffisk geandewei mear seesûchdieren begûn te fretten en minder fisken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.