Springe nei ynhâld

Huahine

Ut Wikipedy
Huahine
emblemen
polityk en geografy
soarte gebieteilân
lân Frankryk
oerseeske kollekt. Frânsk-Polyneezje
bestj. ûnderferdielingUnderwynske Eilannen
gemeenteHuahine (gemeente)
haadplakFare
grutste plakFare
heechste berchTuri
arsjipelGenoatskipseilannen
sifers
ynwennertal6.263 (2022)
oerflak75 km²
befolkingstichtens83,5 / km²
heechste punt669 m
oar
tiidsôneUTC –10.00
simmertiidgjint
koördinaten16°44′ S 151°00′ W
kaart
Huahine (Frânsk-Polyneezje)
Huahine
De lizzing fan Huahine yn Frânsk-Polyneezje.

Huahine (Tahitiaanske útspr.: [hua̭ˈhine], likernôch: "hwa-hy-nee"; Frânske útspr.: [yain], likernôch: "ú-ah-yn") is in eilân (of strikt nommen in groepke eilannen) yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It heart ta de Underwynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't ta de gruttere regio Polyneezje rekkene wurdt. Bestjoerlik falt Huahine ûnder Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de politike status fan in oerseeske kollektiviteit. Oant 1888 wie Huahine in ûnôfhinklik keninkryk. It haadplak is Fare. Neffens gegevens út 2022 hie Huahine doe krapoan 6.300 bewenners.

Huahine betsjut yn it Tahitiaansk letterlik "frouljusseks". De namme kin lykwols nei alle gedachten frij fertaald wurde as "swiere frou", mei't it profyl fan 'e berch de Tavaiura liket op in lizzende frou dy't swier is.

In lânkaart fan Huahine.

Huahine leit besuden de evener rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It is ien fan 'e Underwynske Eilannen, dy't de westlike helte foarmje fan 'e arsjipel fan 'e Genoatskipseilannen. Dy eilannegroep makket sels wer diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje, dêr't ek û.m. Samoä, Tonga, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ta hearre. Huahine leit sa'n 175 km westnoardwestlik fan Tahity, it grutste en wichtichste eilân fan 'e Genoatskipseilannen.

Eins is Huahine net ien eilân, mar bestiet it út twa heech leine haadeilannen dy't fan fulkanyske oarsprong binne, omjûn troch in koraalrif mei ferskate lytsere leech leine eilantsjes. De beide haadeilannen binne Huahine Nui (Tahitiaansk foar "Grut-Huahine") yn it noarden en Huahine Iti ("Lyts-Huahine") yn it suden. Nettsjinsteande de nammen ferskille de beide eilannen net bysûnder folle op it mêd fan oerflak. De beide eilannen wurde skaat troch mar in pear hûndert meter see, en by êb sitte se al fan âlds oaninoar fêst troch in drûchfallende sânbank. Tsjintwurdich wurde de beide eilannen troch in brêge ek by floed mei-inoar ferbûn.

It totale oerflak oan lân fan 'e beide haadeilannen en de omlizzende lytsere eilantsjes bedraacht 75 km². It heechste punt op Huahine is de berch de Turi, mei in hichte fan 669 m boppe seenivo. Yn it noardwestlike part fan Huahine Nui leit Lac Fauna Nui, ek wol bekend as Lac Maeva, in mar mei brak wetter dy't in oerflak fan 375 ha (oftewol 3,8 km²) hat.

De beide haadeilannen fan Huahine binne fan fulkanyske oarsprong en foarmje eins de restanten fan twa mei-inoar ferraande, mar no sterk erodearre skyldfulkanen. Dêroerhinne lizze de ferstienne restanten fan ferskate lettere trachyfonolityske lavastreamen, datearjend fan 3.080.000 oant 2.060.000 jier lyn. De foarming fan Huahine wie it resultaat fan 'e eardere lizzing fan it eilân boppe de fulkanyske hotspot dy't it grutste diel fan 'e Genoatskipseilannen foarme hat. Troch de tektoanyske ferskowing fan 'e Pasifyske Plaat nei it westnoardwesten ta is Huahine ûnderwilens fier fan 'e hotspot ôf rekke en bestiet der gjin inkele kâns mear dat de âlde fulkanen op it eilân wer ta libben komme sille. Op 't heden leit it eilân Meheti‘a, it eastlikste fan 'e Boppewynske Eilannen, boppe de hotspot.

It Keninklik Paleis yn Fare ein 19e iuw.

Prekoloniaal tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste minsklike oanwêzigens op Huahine giet nei alle gedachten tebek oant it earste milennium. De kolonisaasje fan it eilân wie ûnderdiel fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren, en de earste bewenners wiene Polynezyske seefarders. De krekte datearring fan 'e kolonisaasje fan Huahine is noch altyd in striidkwestje. Earder waard oannommen dat it earne tusken 300 en 800 plakfûn hie, mar nije ynsichten wize der op dat it al yn 'e trêde iuw barde. Yn elts gefal wie it eilân yn 'e njoggende iuw bewenne; Huahine is it fynplak fan ien fan 'e grutste konsintraasjes fan Polynezyske argeologyske fynsten út it tiidrek tusken 850 en 1100.

Oarspronklik wie Huahine ferdield yn ûnderling oarlogjende clangebieten, mar fan 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw ôf wie it in feriene keninkrykje dat in ûnôfhinklike steat wie en ek it buoreilân Mai‘ao yn 'e Boppewynske Eilannen omfette. It Keninkryk Huahine gie neffens de tradysje werom oant de santjinde iuw, doe't de Haumo‘orere-dynasty it eilân foar it earst feriene. De lêste telch út dy dynasty wie keninginne Teha‘apapa I, dy't de Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook mette doe't er Huahine yn 1769 "ûntdiek".

De Tamatoa-dynasty kaam oan 'e macht nei de dea fan Teha‘apapa I yn 1790 en stamme ôf fan kening Teri‘itaria I, de soan fan Teha‘apapa I en har gemaal Mato a Tamatoa, in lid fan it keninklik hûs fan it buoreilân Ra‘iātea. Harren neikommelingen regearren oant 1852. Dêrnei kaam mei kening Ari‘mate Teurura‘i, in haadman fan Huahine dy't troud wie mei Teri‘iteporouara‘i Tamatoa, in oerbeppesizzer Teha‘apapa I, de Teurura‘i-dynasty op 'e troan.

Teha‘apapa III, de lêste keninginne fan Huahine.

Koloniaal tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Jeropeaan dy't Huahine oandie, wie de Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't op 16 july 1769 mei syn HMS Endeavour foar anker gie by Fare. Cook kearde op in folgjende reis op 3 septimber 1773 nochris nei Huahine werom. De Spaanske ûntdekkingsreizger Domingo Bonaechea joech Huahine yn 1775 de namme La Hermosa, dat "It Moaie [Eilân]" betsjut.

Yn 'e iere njoggentjinde iuw, tusken 1809 en 1825, waard Huahine kerstene troch protestantske Britske sindelingen fan it Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS). Yn 1842 makken de Frânsen it Keninkryk Tahity ta in protektoraat fan harres, mar Huahine fersette him yn 1846 mei súkses tsjin oerhearsking troch Frankryk. Yn 1847 sleaten Frankryk en it Feriene Keninkryk de Konvinsje fan Jarnac, wêryn't de ûnôfhinklikheid fan 'e keninkriken yn 'e Underwynske Eilannen bekrêftige waard.

Dat ferdrach joech de keninkrykjes yn 'e Underwynske Eilannen noch in heale iuw útstel fan eksekúsje. Mar Frankryk beskôge de arsjipel wol as syn ynfloedssfear, dat doe't Huahine op 20 april 1879 in freonskips- en hannelsferdrach sleat mei it Keizerryk Dútslân, waard dat troch de Frânsen opfetten as in bedriging fan har rjochten en belangen. Foar it regear yn Parys waard it doe driuwend om 'e eigen oanspraken op 'e eilannen krêft by te setten. Dêrom waard it Feriene Keninkryk ôfkocht mei militêre konsesjes yn 'e Nije Hebriden, sadat de Konvinsje fan Jarnac yn 'e foddekoer ferdwûn.

Op 18 april 1888 rôp Frankryk it Keninkryk Huahine út ta in Frânsk in protektoraat. Datselde lot trof it Keninkryk Raiatea en it Keninkryk Bora Bora. De ferkapte anneksaasje late ta it útbrekken fan 'e saneamde Underwynske Oarloch, wêrby't de bewenners fan 'e Underwynske Eilannen njoggen jier lang, oant 1897, in guerrilja-oarloch tsjin 'e Frânske besetting fierden. Hoewol't it meastepart fan 'e striid levere waard op 'e eilannen Ra‘iātea en Taha‘a, waarden yn septimber 1890 de beide grutste delsettings op Huahine troch de Frânsen fan see ôf besketten mei de kanonnen fan harren marineskippen. Dêrby foelen deaden en ferwûnen.

In satellytfoto fan 'e NASA, dy't Huahine út it noarden wei sjen lit.

Neitiid kaam Marama Teurura‘i, dy't fan 1884 ôf prins-regint oer Huahine wie foar syn mem Teha‘apapa II, doe foar syn suster Teuhe en úteinlings foar syn dochter Teha‘apapa III, mei de Frânsen de formele anneksaasje fan it Keninkryk Huahine oerien. Dy anneksaasje waard trochfierd op 15 septimber 1895, wêrby't de lêste keninginne fan Huahine, Teha‘apapa III, ôfstân die fan har troan.

Sa kaam Huahine by de saneamde Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings") te hearren, sa't de Frânske koloanje yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan doe hiet. Yn 1903 waard de namme fan 'e koloanje feroare yn Établissements françaises d'Océanie ("Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), ôfkoarte ta EFO. Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard it gebiet yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan Huahine de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan it gebietsdiel waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje").

De ekonomy fan Huahine is foar it meastepart agrarysk. Dêrby giet it fral om selsfoarsjennende fiskerij en om 'e bou fan fanylje, kopra, kokosnuten en meloenen foar de eksport, en teffens fan griente en fruit foar eigen gebrûk. Fierders is ek it toerisme in faktor fan belang, hoewol't der op Huahine folle minder toeristen komme as op bekendere eilannen fan 'e Genoatskipseilannen lykas Tahity, Bora Bora en Mo‘orea. Toeristen arrivearje op Huahine sawol op cruiseskippen, as mei it fleantúch, op in troch de regionale loftfeartmaatskippij Air Tahiti ûnderholden ferbining fan 'e Ynternasjonale Lofthaven Fa‘a‘ā by Papeete, op Tahity, nei it Fleanfjild Huahine-Fare, dat oan 'e noardkust fan Huahine Nui leit.

It strân en de lagune fan Huahine, omseame troch kokospalmen.

Bestjoerlik heart Huahine ta Frânsk-Polyneezje. Dat is gjin selstannich lân, mar in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM). Binnen Frânsk-Polyneezje is Huahine part fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling (subdivision administrative) fan 'e Underwynske Eilannen. Op lokaal nivo foarmet Huahine in gemeente (commune), besteande út acht dielgemeenten, dy't gearfalle mei de acht doarpen op it eilân.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hie Huahine doe in befolking fan 6.263 minsken. By de folkstelling fan 2007 lei dat sifer noch op 5.999 minsken. De befolkingstichtens bedroech yn 2022 83,5 persoanen de km². It haadplak fan it Huahine is Fare, dêr't yn 2022 1.600 minsken wennen. De oare sân doarpen op it eilân binne: Faie, Fiti‘i, Ha‘apu, Maeva, Maroe, Parea en Tefareri‘i.

Yn etnysk opsjoch bestiet frijwol de hiele befolking fan Huahine út Tahitianen, dy't de lânseigen etnyske groep fan alle Genoatskipseilannen foarmje. Tahitianen binne Polyneezjers, en harren taal, it Tahitiaansk, heart ta de Polynezyske kloft fan 'e Austronezyske taalfamylje. De iennichste offisjele taal yn Frânsk-Polyneezje is lykwols it Frânsk.

Oan it strân fan Huahine.

Wat religy oangiet, bestiet hast de hiele befolking fan Huahine út kristenen. Foar it meastepart binne dat protestanten dy't leden binne fan 'e Protestantske Tsjerke fan 'e Maohi. Dat is in tsjerkegenoatskip dat fuortkommen is út 'e kerstening fan 'e Genoatskipseilannen yn 'e iere njoggentjinde iuw troch kalvinistyske sindelingen út it Feriene Keninkryk. Der is ek in roomske minderheid op Huahine, dy't bestjoerlik ûnder it Aartsbisdom fan Papeete falt en ien tsjerkegebou op it eilân hat, de Église de la Sainte-Famille yn Fare.

Huahine hat in tropysk klimaat mei eins mar twa jiertiden: in reintiid fan novimber oant en mei april, en in drûge tiid fan juny oant en mei oktober. It eilân kriget jiers 1.755 mm delslach. De temperatuer is it hiele jier rûn frijwol itselde: oerdeis hjit en nachts waarm, en it hiele etmiel near. Yn maart, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31 °C, en yn july, de kâldste moanne, is dat 27 °C.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huahine is oerdutsen mei wielderige fegetaasje dy't benammen yn it binnenlân bestiet út tropysk reinwâld. Mear nei de kust ta groeie benammen kokospalmen (Cocos nucifera). De fauna fan it eilân is fral ryk op it mêd fan fisken en fûgels, mei û.o. de Bora Bora-iisfûgel (Todiramphus tutus) en de Raiateajufferdo (Ptilinopus chrysogaster). Ferskate oare fûgelsoarten binne útstoarn nei de kolonisaasje fan it eilân troch de minske, wêrûnder de Huahineprotter (Aplonis diluvialis) en de Huahineral (Gallirallus strorrsolsoni). Yn 'e ienentweintichste iuw binne ferskate bisten dy't fan Huahine ferdwûn wiene mar noch wol op oare eilannen of yn dieretunen foarkamen, op Huahine reyntrodusearre, wêrûnder de rôze Oseänyske libbenbernjende lânslak (Partula rosea) en de fariabele Oseänyske libbenbernjende lânslak (Partula varia) yn 2019 en de mangrovereager (Butorides atricapilla) yn 2024.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.