Springe nei ynhâld

Houten Skonk

Ut Wikipedy
Houten Skonk
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kâhamâxéveóhtáhe
oare namme Wooden Leg
nasjonaliteit Sjajinsk
Amerikaansk
berne 1858
berteplak yn 'e Black Hills (Súd-Dakota)
stoarn 1940
stjerplak yn it Noardlike Sjajinne Res.
   (Montana)
etnisiteit Noardlik Sjajinsk
wurkpaad
aktyf as kriger
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Houten Skonk (Sjajinsk: Kâhamâxéveóhtáhe, útspr.: [kahamaxɪvɪostahɪ], likernôch: "kahamachiwwìostahì"; Ingelske oersetting: Wooden Leg; oan 'e igge fan 'e rivier de Cheyenne, yn 'e Black Hills (Súd-Dakota), 1858 – yn it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (Montana), 1940) wie in Sjajinsk kriger dy't bekend waard troch syn dielname oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, tsjin it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Neitiid tsjinne er sels as ferkenner yn it Amerikaanske Leger, ûntjoech him ta in foarman fan syn folk (hoewol't er nea ta opperhaad beneamd waard) en wie rjochter by in Yndiaanske rjochtbank.

Houten Skonk waard yn 1858 mank de Noardlike Sjajinnen berne oan 'e igge fan 'e rivier de Cheyenne, yn 'e Black Hills fan wat letter de Amerikaanske steat Súd-Dakota wurde soe. Hy wie de soan fan Mannich Kûgelwûne (ek wol bekend as Wite-Bizon-Dy't-Stof-Ofskoddet) en Earnefear-op-'e-Foarholle. Hy hie trije bruorren, Hurd Waaiende Wyn en Giel Hier, dy't âlder as him wiene, en Twilling, dy't jonger as him wie, en fierders hied er noch twa susters, de âldere Brike Noas en de jongere Fingers. Yn syn jonkheid stie Houten Skonk bekend as Yt-út-Syn-Hân, mar letter urf er de namme 'Houten Skonk' fan in oantroude omke fan him. Dat wie in etnyske Krieën dy't as jonge troch de âlden fan Earnefear-op-'e-Foarholle oannommen wie, en dy't Houten Skonk neamd waard om't er net wurch te krijen wie mei rinnen, sadat it wol liek as wiene syn skonken fan hout makke.

Under de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) wie Houten Skonk yn 1866 oanwêzich by in fjildslach mei de Amerikanen dy't bekend kaam te stean as it Weinkraalgefjocht. Hoewol't er doe mei acht jier fierstente jong wie om oan 'e striid diel te nimmen, makke it in grutte yndruk op him, mei't syn broer Hurd Waaiende Wyn by dy gelegenheid kaam te sneuveljen. Yn 1872, doe't er fjirtjin jier wie, waard Houten Skonk útnûge om lid te wurden fan 'e Wapitygeweiskrabers, ien fan 'e krigergenoatskippen fan 'e Sjajinnen. Yn 'e folgjende jierren wied er benammen behelle yn oarlochfiering tsjin 'e Krieën en de Sjosjoanen, dat tradisjonele fijannen fan 'e Noardlike Sjajinnen wiene.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 17 maart 1876 wie Houten Skonk oanwêzich yn it doarp fan it opperhaad Alde Bear, doe't dat oanfallen waard troch seis Amerikaanske kompanjyen kavalery ûnder kolonel Joseph J. Reynolds, by wize fan iepeningsset fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Yn dy Slach oan de Powderrivier, sa't it treffen bekend kaam te stean, litten de Sjajinnen in swiere nederlaach, al wisten se it grutste part fan har keppel hynders, dy't troch de Amerikanen bútmakke wie, de oare deis wer werom te stellen. Neitiid rûnen de oerlibbenen, wêrûnder Houten Skonk, trije dagen lang om it kamp fan it Lakota-opperhaad Mâl Hynder te berikken, wêrby't ferskaten fan harren nachts deaferzen om't se frijwol al har besittings ferlern wiene.

Op 17 juny 1876 focht Houten Skonk mei yn 'e Slach oan de Rosebud, wêrby't de Noardlike Sjajinnen en Lakota de troepen fan brigadegeneraal George Crook en de mei him ferbûne Krieën en Sjosjoanen twongen om har opmars stil te lizzen. Acht dagen letter, op 25 juny, fûn de ferneamde Slach oan de Little Bighorn plak, wêrby't de Noardlike Sjajinnen, Lakota en guon Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrochten en foar in diel alhiel ferdylgen. Dêrby focht Houten Skonk earst tsjin it kavalerydetasjemint ûnder majoar Marcus Reno, dat it Yndiaanske doarp oan 'e rivier de Little Bighorn út it suden wei oanfoel, en letter, doe't Reno syn oanfal ôfslein wie, rekke er behelle yn 'e striid tsjin it detasjemint fan Custer sels, dat út it noarden wei oanfoel, mar weromdreaun waard en op in heuveltop besingele rekke, om úteinlik oan 'e lêste man ta útrûge te wurden.

Op 25 novimber wie Houten Skonk op 'e nij by in konfrontaasje mei it Amerikaanske Leger belutsen, doe't it 4e Kavaleryrezjimint, ûnder kolonel Ranald S. Mackenzie, it winterkamp fan it Sjajinske opperhaad Stomp Mês oanfoel. Yn dat treffen, dat bekend kaam te stean as it Gefjocht fan Stomp Mês (Dull Knife Fight) waarden de winterfoarrieden fan dit diel fan 'e Noardlike Sjajinnen ferneatige en frijwol alle hynders bútmakke. It gefolch wie dat Stomp Mês twongen wie om him koarte tiid letter oer te jaan, om't syn folk gjin iten hie om 'e winter troch te kommen. Houten Skonk hie him tsjin dy tiid lykwols mei it opperhaad Lytse Wolf en oare krigers by de Lakota jûn, en naam op 8 jannewaris 1877 diel oan 'e Slach by Wolf Mountain, it lêste grutte treffen fan 'e oarloch. Uteinlik wied er troch brekme oan iten en de oanhâldende ferfolging troch de Amerikanen twongen om him yn it foarjier fan 1877 oer te jaan.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er hoart yn it Pine Ridge Yndianereservaat mank de Lakota taholden hie, waard Houten Skonk mei de oare Noardlike Sjajinnen nei it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma) deportearre. Dêr beswieken hja yn grutte oantallen oan malaria en honger, mei as gefolch dat it meastepart fan harren yn septimber 1878 ûnder Stomp Mês en Lytse Wolf in útbraak die om werom te kearen nei harren heitelân yn it noarden. Dat barren kaam bekend te stean as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen. Houten Skonk, dy't yn it Yndiaanske Territoarium kunde krigen hie oan in frou fan 'e Súdlike Sjajinnen en yn 1878 mei har troude, keas derfoar om yn it suden te bliuwen. Nei it ferstjerren fan syn heit Mannich Kûgelwûne hellen syn famyljeleden him lykwols oer om dochs mei werom nei it noarden. Hja reizgen yn in lyts groepke temûk nei it Pine Ridge Reservaat, dêr't se in skoft taholden oant Lytse Wolf mei stipe fan it opperhaad Twa Moannen foar de Noardlike Sjajinnen tastimming witten hie te krijen om yn Montana te bliuwen, dêr't yn 1884 it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat stifte waard.

Yn 1889 naam Houten Skonk yn Fort Keogh tsjinst as ferkenner yn it Amerikaanske Leger. Yn dy hoedanichheid wied er yn 1890 belutsen by de saneamde Geastedûnsoarloch, de operaasjes fan it leger tsjin 'e oanhingers fan 'e geastedûns, dy't kulminearren yn it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Yn 1903 waard Houten Skonk oer syn ûnderfinings yn 'e Slach oan de Little Bighorn befrege troch de etnolooch en skiedkundige Thomas B. Marquis, dy't syn ferhaal publisearre as Wooden Leg: A Warrior Who Fought Custer. Yn 1906 hearde Houten Skonk ta in hantsjefol Yndianen dat oanwêzich wie by de tritichste betinking fan de Slach oan de Little Bighorn.

Houten Skonk wie in synkretist, dy't leaude dat de God fan it kristendom itselde opperwêzen wie dat ek yn 'e natoerreligy fan 'e Sjajinnen fereare waard; sadwaande liet er him yn 1908 dope. Yn 'e mande mei û.o. Twa Moannen en Swarte Wolf makke Houten Skonk yn 1913 diel út fan in delegaasje dy't nei it fiere Washington, D.C. ta reizge om dêr de belangen fan 'e Noardlike Sjajinnen te ferdigenjen. Op dyselde reis besocht er ek New York. Werom yn it Noardlike Sjajinne Reservaat fan Montana waard Houten Skonk oansteld as rjochter fan 'e Yndiaanske rjochtbank. Twaris waard him oanbean om opperhaad te wurden, mar betanke er foar dy ear. Houten Skonk hie twa dochters, dy't lykwols beide al jong stoaren. Nei de dea fan syn lêste dochter adoptearren hy en syn frou syn omkesizzer John White Wolf, de soan fan ien fan syn susters. Houten Skonk stoar yn 1940 yn it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat fan Montana, yn 'e âlderdom fan 82 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.